Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skepsel yn de lichte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan Christian Dahl*

Wat is de minske yn de lichte…
skepsel mei twa skonken ûnder ’t gat,
twa earmen om syn slach te slaan,
de kar fan mei of sûnder God,
mar altyd opsjen nei de hichte.

Image

Syn tinken is as in lawine,
flitsend by de keale kronkels del;
hy sjocht omheech om acht te slaan
op himelfier, leafst sûnder hel,
en fielt syn eigen hichte kwinen.

Der is gjin tinken oan yn ’t bearen
fan de eleminten op ‘e kust;
wa’t libbet, lit him net ferslaan,
syn lea bewege ûnbewust
om ramp en lichte te fernearen.

Image

* Johan Christian Dahl (1788-1857)
Skilderij ‘Lânskip yn de Alpen’
Skilderij ‘Skipbrek oan de Noarske kust’

admin

Fiskersdei

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hendrik Willem Mesdag*

Se binne útfearn yn de moarn,
doe’t noch de skimer ware
oer de weagen, noegjend op in toan
fan mei dit waar is ’t goed te farren.

It koeltsje brocht har nei de grûn
dêr’t mannichten om swommen,
rûnom sakken netten, sa waard wûn
de kâns om troch de tiid te kommen.

In rynske fangst glied oer it dek,
wylst op ‘e weagen koppen
kamen, driigjend mei in wite bek,
sy seagen ’t oan en ha doe roppen.

De fok heal del, de hals omheech,
sa hawwe sy it helle;
moarns it koeltsje, middeis koel en dreech,
sy koene jûns de fisken telle.

Image

* Hendrik Willem Mesdag (1831-1915)
Skilderij ‘Werom fan de fiskfangst’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum