Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yn fodden

Keunst
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Ik wie ferbline troch de pracht
fan ljochte jurken yn de ploai,
ik sil it wol bekenne,
’t hie my danich yn de macht,
ik gie mei harren oan de roai
en soe dêr side mei bespinne.

‘k Stie iepen foar it sidich praat,
beskôge dat as hiel foarnaam,
ik sil it wol bekenne,
’t netwurk lei yn harren aard,
de mûle brûkten se as kaam
om kreas te kjimmen en te winnen.

Dat duorre oant dy frjemde moarn,
doe’t by de haven hy dêr lei
om alles te bekennen,
komst fan de ferlerne soan
yn fodden, ‘k hearde wat er sei:
‘Ik koe net oars as nei heit rinne.’

Image

* James Tissot (1836-1885)
Skilderij ‘De resepsje’
Skilderij ‘De ferlerne soan yn moderne tiid’

admin

Swiere lading

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jozef Israëls*
fan Hendrik Willem Mesdag**

Moarns ier wie sy al yn de skrep,
hjoed hurder as op oare dagen
om mar earder klear te wêzen;
foar har eagen foer in skip,
dat laden wie mei fjouwer fragen.

Fier oer de midden fan de dei,
te hastich, mei in holle mage,
drafke sy nei skiere kimen,
naam it skip foar eagen mei,
dat laden wie mei fjirtjin fragen.

Image

Sy wie te ier op ’t hege dún
en frij fan wat yn ’t wurk te dragen
foel, mar net wat yn har weage;
foar har eagen wie it brún
en laden mei wol hûndert fragen.

De lêste strielen skeaten fjoer
doe’t donkerbrún it skip opdage
mei de heit fan al dy fragen;
syn beskie joech grif wer stjoer
foar withoefolle drege dagen.

Image

* Jozef Israëls (1824-1911)
Skilderij ‘Faam op in dún’

** Hendrik Willem Mesdag (1853-1894)
Skilderij ‘Foar de Hollânske kust lâns’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum