Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bernewei-tsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 24 septimber 2006 yn Itens

Image

1. Tarissing

Wy binne fan ‘e moarn op wei gien,
oer asfalt en oer stiennen,
nei dizze tsjerke om de ivige wei
te belibjen fan hjoed nei hjoed nei hjoed,
lykas in bern troch it libben rint.

Us help dêrby komt fan de Hear,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.

2. Sjonge
Psalm 139: 1, 2 en 7

3. Lêze
Psalm 139, 13-18, 23-24

4. Sjonge
Psalm 139: 9, 14

5. It gean fan de wei

a.         Hoe wie de reis hjirhinne?
Hast ûnderweis noch wat belibbe?
Of wie de reis sa as altyd?
It eintsje rinnen lykas op in oare snein… de fuotten bringe my der wol.
De foet op it gaspedaal… en it ferstân op ûneindich.

b.        En de libbenswei… noch altyd de muoite wurdich?
Of is de muoite sadanich datst der altyd wurch fan bist?
En datst gjin sicht mear op it libben hast, fan hjoed nei hjoed nei hjoed.
Giet it net om dat eachweid?
It eachweid fan God, fan in bern…
Sa’t in bern nei de dingen om him hinne sjocht,
want de takomst is fan hjoed nei hjoed nei hjoed,
de ivichheid fan it no, want no bart it!
De takomst is gjin dream, mar it plantsjen fan in beam.

Image

6. Sjonge
Takomst is gjin dream

Net letter, net letter –
takomst is de dei fan hjoed.
Dreamen falle yn it wetter
as de no-tiid ús net stjoert.
Net letter, net letter –
dreamen falle yn it wetter.

Refrein
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Sûnder fuotten yn ‘e ierde
bliuwe dagen sûnder dieden.
Takomst is de koartste klap –
hjoed sette wy de earste stap.

Net heger, net heger –
slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger
nei de maaibeam op ‘en doer.
Net heger, net heger –
mei it bouwurk klimt de steger.

Refrein

Net fierder, net fierder –
rin net op ‘e tiid foarút.
Siedzje moat de iere siedder,
foar’t it nije lân ûntsprút.
Net fierder, net fierder –
siedzje moat de iere siedder.

Refrein

7. Gebed

Heit yn de himel, hjir binne wy dan,
folwoeksen minsken
dy’t it de muoite wurdich fûnen
om fan ‘e moarn nei de tsjerke yn Itens te gean.
Is it wier dat neat oan Jo foarby giet?
Watfoar byld moatte wy dan fan Jo ha
om te leauwen dat neat foar jo each ferburgen bliuwt?
Is it wol sa dat jo eachweid sa fier rikt
dat neat foar Jo ûnwis is?
In soarte fan Grutte Broer dy’t ús op ‘e fingers sjocht.
Wy bidde: leaver dat net, God,
want as wy earlik binne, ha wy gjin ferlet
fan in god-Balkenende of in god-Bush.
Wêr’t wy net sûnder kinne, is in God de Heit
of God de Mem, dy’t lykas ierdske âlders har bern,
ús it fertrouwen jout om as it nedich is
ûnbegeanbere wegen troch it libben te gean.
Lykas jo Soan Jezus, ús wiere Grutte Broer.
Amen

8. Lêze
Markus 9, 30-37

9. Sjonge
As in bern yn ‘e wrâld

Wa is yn Gods Keninkryk
wichtich as gjin oar te neamen?
Hy dy’t oan in bern gelyk
yn ‘e romte fan syn dreamen
him fernuvert oer de dingen
ûnder wurden net te bringen.

Refrein
Iepen eagen, iepen earen,
en in see fan tiid te gean
om by alles stil te stean,
noait te grut en noait te âld
om ferwûndering te learen:
as in bern yn ‘e wrâld.

Dy’t net oan de dagen tilt
sil yn frijheid ûnderfine
grutter as te keap foar jild,
dat it each sa faak ferbline.
Sjoch de rykdom om dy hinne,
sa’t de lytse bern noch kinne.

Refrein

Kom net oan it each fan bern,
straf se net mei gâns ferdwazing.
Lit se om har hinne sjen,
fol ûnthjit en fol ferbazing.
’t Heimnis fan ús djipste wêzen
is op har gesicht te lêzen.

Refrein

Image

10. Ferkundiging

Wa’t it prachtige boek ‘De Oerpolder’ fan Hylke Speerstra lêzen hat, dat oer It Heidenskip fan de njoggentjinde ieu giet, is grif Tine Flapper tsjinkommen. Sy wie lytsfaam, eins noch mar in bern, by boer Sible Westendorp en Margaretha Hettinga op ‘e pleats ‘Grut Welgelegen’, no oan de Ursuladyk.

Image

Yn de winter fan 1864 mei it iis dik yn de marren en puollen en mei fûle sniestoarmen lei de boerinne yn it kreambêd en it like net bêst. It bern woe mar net komme en it libben fan de mem stie faai. Grutfeint Meindert wie troch de boer mei hynder en slide nei Warkum stjoerd om dokter en pastoar, mar kaam allinnich en snieblyn werom. Yn alle gefallen moast der wijwetter komme foar in needdoop fan it bern. Tine Flapper wist dat boer Herre Hylkes de Jong fan de Helpleats alle jierren mei de peaskedagen in krûkfol wijd wetter fan de misse út Warkum meinaam. Dat dêr soe Tine dan wol hinne. Doe’t se har dik ynpakte foar de swiere reis, skamme grutfeint Meindert him, dat hy soe mei.
De hiele wrâld wie wyt fan de wiskjende snie, de sleatten leine fol en de lânpaden wiene net mear te sjen. Doe’t se noch net iens healwei wiene, gong Meindert, dy’t op ‘e nij snieblyn wurden wie, werom, mar Tine sette troch. Se seach in ljochtsje en wist, dat moast de pleats ‘Lyts Welgelegen’ wêze fan de widdo fan Ulke Dykstra silger. Se wie har derfan bewust dat se de Helpleats net helje soe, dat… Om it lange ferhaal koart te meitsjen, Tine kaam werom mei in stik iis út ‘e reinwettersbak fan ‘Lyts Welgelegen’, dat teie soe ta wetter, wijd troch har folhâlden op de ûnbegeanbere paden yn It Heidenskip.

Image

No is it net myn bedoeling om yn it ferfolch fan de ferkundiging in bepaald byld fan Jezus de Soan en God de Heit op te roppen as sieten se beide yn in maklike stoel troch de wolkefinsters nei de ierde te sjen. Want dat godsbyld is tefolle út it minsklike wei tocht. Wol is it de bedoeling om yn it folgjende petear tusken God en Jezus de tekst yn Markus opljochtsje te litten. Want wy meie der fanút gean dat der kommunikaasje tusken de Heit en de Soan west hat en noch is. Troch gebed, mar wa wit miskien ek wol streekrjocht oer de tastân op ierde yn 1864 en 2006.

Doe’t Jezus Tine Flapper dêr yn de wite wyldernis fan it Heidenskipster gea mei it brok iis bewuolle yn de skelk rinnen seach, glimke er.
“Is der wer wat posityf bysûnders oer de ierde te melden?” frege God.
“Sa hie ‘k it no krekt bedoeld,” antwurde Jezus, “de lytsfaam fan ‘Grut Welgelegen’, in bern noch, is dwaande mei in hillige opdracht op ûnbegeanbere paden.”
“Dat klinkt yndie bysûnder,” sei God, “do bedoelst dat stik iis út ‘e reinwettersbak fan Ulke Dijkstra.”
“Troch it op ‘en paad gean yn de sniestoarm, wat foar har in lijenswei is, hat se it better begrepen as myn dissipelen eartiids.”
“Dyn dissipelen,” sei de Heit, “dêr hast it faker oer hân, it hat dy wol heech sitten.”
“Ik woe harren yndie op ‘e hichte bringe fan de wei dy’t ik gean soe: nei Jeruzalem ta wie noch in paad, mar dêrnei moast ik it eigen paad gean, myn ûnbegeanber lykjende wei… mar dêr ha wy it folle faker oer hân…”
“In krusiale wei,” sei de Heit earnstich, “troch dy begeanber makke foar de minskheid.”
“Hoewol…,” wifele Jezus, “ik bedoel dat elk minske syn eigen krús draacht en… yn prinsipe sil elkenien de eigen wei yn it libben fine moatte, mar…”
“Sil ik de sin mar ôfmeitsje? “frege God en daliks gie er fierder: “Mar Jezus fan Nazareth, minskesoan fan Marije en Joazef, hat oan Tine Flapper de wei troch it poallânskip fan It Heidenskip wiisd, wat fan gefolgen hie dat it iis út de reinwettersbak fan Ulke Dijkstra wijd wetter waard.”
Jezus glimke en prate fierder oer Galilea as belibbe er de reis troch dat gebiet op ‘e nij: “Nei’t ik de dissipelen besocht hie út te lizzen hoe’t myn wei fierder rinne soe, rûnen se foar my út. Guon seagen earst noch oer it skouder as woene se der wis fan wêze dat ik op dat stuit bûten harren rûnte foel. Doe giene se de foar harren bekende wei, letterlik en figuerlik. Se koene it paad yn Galilea wol dreamend fine. En figuerlik… harren libbenswei? Ik seach har drok meneuveljen en wist dat it om in prestiizjekwestje gie. Petrus, Jehannes en Jacobus hiene mei west de berch op en it fisioen fan Mozes en Elia belibbe. Jawis, it koe net misse, dêr hiene se it oer en miskien stiene se harren der wol op foar. Teminsten no’t se wisten dat de oaren net by steat west hiene in jonge te befrijen fan in kweageast…”
“Neat minskliks wie dyn dissipelen frjemd,” sei God.
Jezus skodholle: “It hie harren eigen wêze moatten de ûnbegeanber lykjende wei te gean fan de minste te wêzen. Want it wie sa! Doe’t wy yn Kapernaüm wiene, yn it hûs fan Petrus, kaam it hege wurd derút. It gie om de heechste, de belangrykste, de premier fan Galilea om it samar ris te sizzen.”
“Nei it mislearjen fan dyn les oer lijen en opstanning moasto harren de twadde les jaan,” sei de Heit.
“Om earlik te wêzen wie ‘k der op dat stuit mei oan, mar doe seach ik him yn de doariepening stean, it jonkje mei in snotbongel ûnder de noas. Safolle minsken yn ien hûs hie him nijsgjirrich makke. En ynienen wist ik it, net in omhaal fan wurden, mar de libbene werklikheid of… ja, dat is better… de libbene wierheid. Ik lei de earm om syn skouders, helle him oan en sei inkeld: ‘Wa’t om My sa’n bern opnimt, dy nimt My op. En dy’t My opnimt, nimt My net op, mar Him dy’t My stjoerd hat.”
God knikte glimkjend en frege: “En doe?”
“It wie stil en bleau stil. Allinnich lytse Jefta snúfde trije kear en huppele de doar út.”
Doe sei God: “Tine Flapper, Jefta, de Soan en de Heit…”
“Miskien is dat rychje noch net kompleet,” woe Jezus ha, “heit en mem, Tine Flapper, Jefta, de Soan en de Heit.”
De Heit seach de Soan freegjend oan.
“Is it net sa dat âlders derfoar soargje dat bern frij en ûnbefongen yn de wrâld stean en gean kinne? Ik ha it sels ûnderfûn by myn ierdske heit en mem yn Nazareth. It hûs en it timmerwurkplak wiene in feilige taflecht. Ik koe as jonge altyd op myn âlders weromfalle. En letter…”
Jezus draaide it gesicht nei de Heit. Se begriepen elkoar sûnder wurden, mar dochs woe de Soan it sein ha: “Letter yn de Jordaan, nei’t Jehannes my ûnderdompele hie, krige ik de Geast en fielde my roppen…”
De Heit knikte: “Wat soe ik doe ek oars sein hawwe kinne as datsto myn leave Soan wiest, dy’t altyd op my weromfalle koe. In feilige taflecht, om dyn eigen wurden te brûken, foar dy en foar elkenien dy’t in bern as Tine Flapper en Jefta opnimt. Mar om noch efkes op Jefta werom te kommen, hast him letter noch sjoen? Ik bedoel… syn wei troch it libben.”

Image

“Nei’t er huppeljend it hûs útrûn, like alle libben wei te stjerren. Sels Petrus seach nei syn teannen en wist net wat er sizze moast. Doe bin ik wer út harren rûnte rûn, lykas earder, doe’t wy ûnderweis wiene. Mar der wie in grut ferskil. Diskear hiene se de les begrepen…”
“Goed,” sei God, “mar ik frege hoe’t it fierder mei Jefta gie.”
“Ik seach him yn de rûnte mei oare bern… se boarten heit en memke en Jefta wie de heit… it like as wied er al wer fergetten wat yn it hûs fan Petrus bard wie.”
“Dat is ivich libben,” sei God.
“Ivich libben… ik soe earder sizze dat bern sa libje dat se alle dagen wegen ynslaan dy’t se noch net earder gien binne.”
“Ivich libben dus,” hold God fol, “se libje fan hjoed nei hjoed nei hjoed, ferline en takomst pleagje har net, mar binne harmonysk yn harren hjoed opnommen. Is foar ús tûzen jier ek net as in dei?”
“Lit ús it earst ris by 142 hâlde,” sei Jezus.
“Humor?” frege God.
“En earnst tagelyk,” antwurde Jezus, “fan 1864 nei 24 septimber 2006 om goed 10.00 oere yn de tsjerke fan Itens.”
God glimke en song: “Wa is yn Gods keninkryk wichtich as gjin oar te neamen? It klonk goed, dat moat al sein wurde.”
Jezus knikte, loek oan de skouders en sei: “Mar de bern?”
“Dy binne der net,” sei God, “mar it is miskien net ferkeard, om it op syn Frysk te sizzen, dat se ús petear yn Itens ôfdraaid ha.”
“Amen,” sei Jezus.

Image

11. Oargelspul

12. Sjonge
Hjoed

Hoe sille wy hjoed fine
de wei foar ús te gean,
net bûn oan it ferline
en los fan in bestean
dat stroffelet oer de paden
fan hjoed de takomst yn,
de rêgen swier beladen,
foar ’t libben dôf en blyn.

Doch hjoed de eagen iepen
en skerpje ek it ear,
de geast dy’t leit te sliepen,
gun dy gjin slommer mear,
wol ek de rêgen rjochtsje,
smyt alle swierte ôf,
dan sil de wei opljochtsje
fan bern oan ’t libben trou.

It bern lit him net bine
oan tiden lang of koart,
de swierte fan ’t ferline
of wat noch komme moat,
it libbet op ‘e wegen
fan hjoed nei hjoed nei hjoed,
mei nei noch foar ferlegen,
it no is mear as goed.

Op wegen yn ús libben
leit no gjin stroffelstien,
wês oan de bern besibbe,
mei harren libjen ien
en komt it paad yn ’t tsjuster,
de ivichheid rint mei,
it ljocht komt net fan juster,
mar fan de nije dei.

13. Gebed
Us Heit

14. Kollekte

15. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân

In spyltúch bin ik yn Gods hân
ik sjong fan fred’ en ljocht
en de deemoedigen yn ’t lân
bring ik in bliid berjocht.

De bûgden ûnder soarch en smert
sil romt’ en rykdom ha
ik sjong de brutsenen fan hert
wer freugd’ en útsjoch ta.

Ik spylje alle finz’nen foar
it âlde frijheidsliet
ik spylje foar de tichthûsdoar
salang’t dy iepen giet.

Ik sjong foar elke earme siel
dy’t yn it leed ferslacht
fan d’ alderearste sinnestriel
en ’t wiken fan de nacht.

Ik sjong, ik sjong foar rap en rút
yn dizze goud’ne moarn:
o minsken, strûp jim fodden út
en lûk de feestklean oan.

Ik sjong it wurd oer berch en dún
fan libben en behâld –
en moarn, dan romje wy it pún
en bouw’ in nije wrâld.

16. Seine

Elk giet no wer syn of har wegen,
begeanber en ûnbegeanber,
fan hjoed nei hjoed nei hjoed,
as de wei fan in bern;
mei Gods eachweid oer ús libben,
mei de leafde fan ús Grutte Broer Jezus
en mei de wyn fan de Geast yn de rêch.
Amen

Image


admin

Tsjinst fan slang en stêf

Religy

Tsjinst op 11 juny 2006 yn Broek

Image

1. Tarissing

In fuotbal leit op ‘e preekstoel, om’t hjoed de earste wedstriid fan Nederlân spile wurdt by it wrâldkampioenskip yn Dútslân. Mar it giet fan ‘e moarn net om de fuotbalgeast, mar om de Hillige Geast.
Broek ken syn eigen fuotbalkampioenen.

Image

Op ien fan de finsters yn de tsjerke is in mozayk fan Sint Christoffel mei de stêf, de Kristusdrager.

Image

Yn dizze tsjinst giet it om de stêf en de slang.

De snein nei it Pinksterfeest,
it feest fan de Hillige Geast,
de snein Trinitatis,
de hillige trije-ienheid,
God, Jezus en de Hillige Geast.

Op dizze snein komme wy by elkoar
om de trije-ienheid te fieren
en om ús eigen trije-ienheid te belibjen.
Us help is fan God de Heit,
ús foarbyld is Jezus de Soan
en de ynspiraasje komt fan de Hillige Geast.
Amen

2. Sjonge
Liet 255: 1, 2, 3, 4

3. Laam en hoeder

Liet 255: 2 – Jezus as laam dat ús rêdt.
Psalm 23 – De Hear is myn hoeder.
It is net om ‘e nocht dat wy it earste part fan Psalm 23 lêze.
It is foar in protte minsken in tekst dêr’t se mei libje en stjerre.
Wa fan jim sprekt yn it bysûnder dizze psalm oan? Wêrom?

4. Lêze
Psalm 23, 1-4 as gebed

5. Sjonge
Liet: 14: 1, 2, 3

6. Stêf as teken fan de Geast

Jo stôk en jo stêf dy fertreaste my, seit Psalm 23 fers 4.
De stêf as treaster, mar hoe?
Sjoch nei de hoeder dy’t mei syn stêf de skiep hoedet.
De stêf wiist de wei, beskermet, jout treast en krêft.
Wêr ha wy dat earder heard?
Wiist de Geast ek net de wei?
En beskermet en treast de Geast ek net?
Jout de Geast ek net krêft… ynspiraasje?

Image

De stêf as teken fan de Geast?
Yn hokker ferhalen komme wy de stêf tsjin?

“Slaan mei de stêf it wetter fan de Nyl,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, it wetter waard bloed, de earste pleach foar Egypte.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Slaan mei de stêf de moude op ‘e grûn,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, de moude feroare yn langskonken, de tredde pleach foar Egypte.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Til dyn stêf op en stek de hân út oer de see en spjalt dy,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, it wetter fan de Reidsee spjalte en der ûntstie in paad.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Stek yn de striid tsjin Amalek dyn stêf omheech,” sei God tsjin Mozes.
En Mozes hold de stêf boppe de holle en Israel wûn de striid.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Lis de stêven fan de stammen yn de tinte fan de moeting,” sei God tsjin Mozes, “ek dy fan Aäron en Ik sil de stêf fan de man dy’t Ik útkies yn bloei rinne litte.”
En sjoch, de stêf fan Aäron sprute út en bloeide.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

Yn de wrâld fan tsjintwurdich misse wy stêven.
Inkeld de paus en Sinteklaas sjogge wy dermei.
Yn ús wrâld wurde faak stokken brûkt om te slaan.
Mar wat soe der op tsjin wêze om de stêf wer in plak te jaan?
Yn plak fan de stôk as wapen, de stêf.
En foar de âlderein: yn plak fan de rollator de stêf.
It hâldfêst en de krêft fan de Geast.

7. Sjonge
Liet fan slang en stêf

De stêf en de slange,
de geast en it kwea,
hoe sil it beteare?
De tiid sil it leare:
op libben en dea.

De lusthôf fan Eden,
it duorre net lang
of dêr hiest de kweade
dy’t flaaike en bearde,
de rop fan de slang.

By’t brânende boskje
waard Mozes spoekbang,
mar God soe him leare,
neat soe him mear deare,
de stêf waard in slang.

De godsstêf fan Mozes
joech Israel moed,
Egypte moast witte
om nea te ferjitten:
it wetter waard bloed.

It stof fan Egypte
hat Mozes ek slein
mei stêf en mei wurden,
de moude is wurden
ynsekten as rein.

Befrijd fan it lijen,
mar ’t ja waard in nee,
dochs Mozes wist better,
de stêf boppe ’t wetter,
in paad troch de see.

De tocht soe ferrinne
mei lek en mei brek,
mar Mozes stiek tichter
de stêf nei de hichte,
fersloech Amalek.

Dochs doe’t it folk klage,
kaam nochris de slang,
yn gielkoper getten,
waard Israel better
en libbe noch lang.

De stêf of de slange,
de geast wint fan ’t kwea,
it fjoer sil ús leare:
it gif sil ferkeare
yn ’t himelske brea.

8. Gebed

Hear, ús hoeder mei de godsstêf,
beskermer tsjin ûnheil,
rêder fan wa’t yn need sitte,
bring ús yn oarden fan rêst,
dat wy stil wurde om te sjen
it heil fan griene greiden,
om te harkjen
nei wurden fan ivige wiisheid
en om ús te ynspirearjen
troch it fjoer fan it toarnbeibosk.
Amen

9. Lêze
Exodus 3, 1-6,
Exodus 4, 2-4
Exodus 4, 14

10. Sjonge
Liet 51: 1, 2, 3

11. Lêze
Johannes 3, 1-16

12. Sjonge
Liet 247: 1, 2, 3

13. Ferkundiging

It ferhaal giet dat God by de skepping dochs net hielendal tefreden wie. En dan gie it om de minske. Twa hannen hied er en twa fuotten, dat hy wie yn lykwicht, mar dat wie God net genôch. Dêrom blaasde Hy Adam de siken yn en sjoch de minske kaam ta libben. Mar it wie noch net wat God Him dêrby foarsteld hie. Doe naam er in ribbe út it lichem fan Adam en skoep de frou. Sa, tocht God, twa dat is in pear: twa hannen, twa fuotten, twa minsken, man en frou. Mar dochs… God rûn der mei om, want wie it wol genôch? Hy seach nei Adam en Eva, fernaam hoe’t se sykhellen, de wyn fan har azem, de minsklike geast, mar wêr wie it godlike fjoer? Twa wie in pear, mar dochs net genôch. Lykwols foar’t God maatregels nimme koe, wie de tredde der al, de slang. En dat wie no krekt net de bedoeling. God hie Him hiel wat oars foarsteld by dy tredde. Wat? Dêr hat God Him by wize fan sprekken it fjoer foar ûnder de fuotten wei rûn.

Mar oft dat tusken de beide iiskâlde ierdske poalen, de Noard- en de Súdpoal, slagge is? Is de ierde dan ek al mislearre, soest dy ôffreegje kinne. Twa is in pear, de Noard- en de Súdpoal, mar it giet om wat dêr tusken sit. It is de fraach oft yn it gebiet tusken de poalen it fjoer wol brânt. En dan net it fjoer út ‘e gewearen of de bommen, mar dat fan de geast. Want as dat fjoer brâne soe sa’t God Him dat foarsteld hie, dan wie der gjin honger en earmoede. Dan stoaren der gjin miljoenen bern mear oan in tekoart oan iten en medisinen en in tefolle oan geweld. Dan wiene de Earste Wrâld (it Westen) en de Twadde Wrâld (it Easten) begien mei de Tredde Wrâld (it Suden) en wiene de trije wrâlden yn folsleine harmony: Gods ryk op ierde tusken de Noard- en Súdpoal. Want trije is no ienkear it symboal fan de ienheid… trije-ienheid.

Nee, dan yn de tiid dat it godsfjoer noch op ierde kaam! Wat in barren! Mar wie dy tiid wol safolle better? It slavefolkje Israel suchte ûnder it jok fan Egypte. De Israeliten waarden sels ynset yn it militêre rezjym fan Egypte: sy moasten festingstêden bouwe. En de lytse jonkjes waarden as jonge katten yn de Nyl fersûpt. Bern wurde yn alle tiden it slachtoffer fan de ferdwazing fan folwoeksenen. Allinnich Mozes is deroan ûntkommen en geloksbern wurden oan it hôf fan de farao. Mar sûnt er in Egyptner deaslein hat – in tiid fan moard en deaslach – doarmet er mei de skiep fan skoanheit Jetro yn de woestyn om. Nee, tink net dat it geloksbern ûngelokkich wurden is. Hy hat ferkearing krigen mei Sippoara, de dochter fan Jetro, en is mei har troud. Twa is in pear. En twa en twa is fjouwer, want der wurde twa soannen berne: Gersjom en Eliêzer. Trije wurdt oerslein en lykas yn it betochte ferhaal by de skepping, hat God der gjin frede mei. Twa is net genôch en fjouwer doocht net. En noch foar’t de slang syn kop opstekt, grypt God yn.
Mozes sjocht yn de fierte in toarnbeiboskje (mei de stikels dêrst dy raar oan skramme kinst), dat yn de brân stiet. Dat bart net alle dagen en nijsgjirrich komt Mozes tichterby, benammen om’t it boskje net fertart. Hy hat net yn de gaten dat hjir wat boppe de natuer út bart, wat fan boppen komt, fan God. Hat er tefolle de eagen nei ûnderen hân, nei de ierde en is er it lykwicht kwyt, it gebiet tusken himel en ierde? Mozes sjocht de himel net, mar de himel sjocht Mozes wol. It ferhaal giet dat as God immen útkiest foar it grutte wurk, Hy him earst hoeder wurde lit. Want wa’t de skiep beskermje en rêde kin út ‘e bek fan wylde dieren, kin ek minsken beskermje en rêde.

Image

Mar Mozes hat neat yn de gaten, driget sels op hillige grûn te kommen, mar dêr stekt God in stokje, in stêf, foar. Want Mozes is dan wol foarbestimd om polityk en geastlik lieder fan it folk Israel te wurden, mar it prysterskip is ornearre foar immen oars. Syn broer Aäron, de lettere hegepryster, sil wol op hillige grûn komme meie.

As Mozes yn de gaten kriget dat er foar hillige grûn stiet, wurdt er lytsman. De God fan Abraham, Izaäk en Jakob, trije fan syn foarfoars – Trinitatis -, ropt him ta de grutte taak om syn folk te rêden út ‘e slavernij. En dan set Mozes de hakken yn de ûnhillige grûn fan de woestyn: “Wa bin ik dat ik nei de farao gean soe en dat ik de Israeliten út Egypte liede soe?” Hat er te koart op ‘e skiep past? Is syn hoedersstêf noch te koart om de tekens fan de himel op te heinen? Mei oare wurden: stiet Mozes noch net iepen foar de godlike geast?

Image

Foar’t de slang tusken God en Mozes ynkomme kin, want it moat no ienkear nei trije ta, grypt God yn. En sjoch no ris wat in humor: “Smyt dyn stêf op ‘e grûn!” En dêr hast him, de slang, net tusken de tûken fan de paradysbeam, mar kronkeljend en bitend yn it woestynsân. “Pak him by de sturt!” Wer humor: de slang wurdt fernedere ta in sturtbist, ta wat der achteroan sleept. En sjoch, it kweade feroaret yn de stêf, de godlike krêftboarne.
Dan moat it no wol goed komme, mar ho mar! De hakken fan Mozes weagje der noch altyd yn, sa swier as lead. De grutte God en Mozes as lytsman, dy lêste kin gjin sprekken lije. Moat hy it wurd dwaan tsjin de farao? En dan lôget it fjoer yn it toarnbosk heech op, in lôgjende grime: “Aäron, de Levyt, is dyn broer, net wier? Ik wit dat hy tige it wurd dwaan kin. Ja, hy is sels al ûnderweis, dy yn de mjitte en hy sil fan herten bliid wêze, as hy dy sjocht.”
God, Mozes en Aäron, Trinitatis, de hillige trije-ienheid.

En dyn en myn libben? Lytsman en lytsfrou. As se troud binne, is twa in pear. En as der bern komme, rint it op nei fjouwer, fiif, seis… Mar is it genôch om inkeld man en frou te wêzen? Wis, twa is mear as ien. En bern kinne heit en mem ta in lokkige mienskip meitsje. Mar wat is in keppel skiep sûnder hoedersstêf? In mienskip fan minsken sûnder geast? De geast fan fertrouwen, frede, ynspiraasje, entûsjasme foar ierdske taken en himelske roppings. Hoe faak komst it noch tsjin dat der by minsken hillich fjoer brânt? Dat se entûsjast fertelle oer wat se ûndernimme of gewoan oer it deistige dwaan en litten? As pake en beppe deagewoan op ‘e skiepkes fan har bern passe. Deagewoan… do silst bedoele bûtengewoan libben. Ast dat dochst mei de figuerlike hoedersstêf, dan komst altyd út by it tal trije: God, do en it bern.

Bern, jawis, want asto as folwoeksene mei al dyn kennisse net fan omheech út berne wurdst, kinst it wol ferjitte. De heechlearde learaar Nikodemus snapte der neat fan: “Moat ik dan weromkrûpe by ús mem yn it liif?”
“Wiswier, wiswier,” sei Jezus, “do moatst fan omheech út berne wurde, út wetter en Geast, want oars komst gjin streek tichter by de hillige grûn, it ryk fan God, en bliuwst op toarre woestyngrûn stean.”
No moatst harkje, want Jezus giet werom nei Mozes yn de woestyn. Dat ferhaal hat wat te sizzen!
It folk jereminearre syn liedsman alle oeren fan de dei oan de holle: “Hoe fier moatte wy noch? Wy ha skjin ús nocht fan dit rot libben! Wiene wy mar yn Egypte bleaun. No stjerre wy yn dizze godferlitten woestyn!”

En sjoch, ynienen wied er der wer, de slang! Net ien, net twa, net trije, nee, hûnderten krioelen oer de rotsen op ‘e Israeliten ta. It kwea dat se sels oproppen hiene, kroep op har ta en spuite har it gif yn de lea. Se rekken ferlamme middenyn it libben en stoaren de kweade gifdea op toarre woestyngrûn. It folk dat oerbleau, smeke Mozes om libbensbehâld. En God joech de geastlike lieder de hillige taak om te rêden, sa’t er earder syn skiep út ‘e bek fan wylde dieren rêden hie. Mozes makke in slang. De slang fan it paradys feroare yn blinkend koper op in stander, miskien wol yn de foarm fan in stêf. En elk wa’t opseach nei de slang, bleau yn libben. Wat in humor: de slang wie no gjin kweade tredde mear, mar God brûkte him as medisyn om yn libben te bliuwen. God, Mozes en de earste eskulaap, jim witte wol it teken dat in dokter op syn auto hat. Trinitatis, de hillige trije-ienheid.

Asto no man en frou bist, man en frou mei bern of do bist allinnich bleaun of allinnich rekke… wa’t omheech sjocht om rêden te wurden fan it slangegif fan kleilieten, ûnferskilligens of moedeleazens, mei witte dat him of har in stêf yn hannen jûn wurdt, de godskrêft om fierder te gean, troch woestyn en oase hinne op ‘en paad nei Gods ryk. God, do en de godsstêf, in hillige trije-ienheid, Trinitatis.
Amen

14. Oargelspul

15. Sjonge
Liet 257: 1

16. Gebed

Wy loovje Jo, God ús Heit,
om it libben dat wy krigen ha,
wy bringe Jo tank, Hear Jezus,
dy’t de earms as in hoeder
om ús hinneslacht,
wy jubelje Jo ta, Hillige Geast,
om it fjoer dat yn ús brânt.

Wês, o God, mei minsken
dy’t gjin  libben op ierde ha,
dy’t gjin earm fine kinne om te steunen,
dy’t inkeld de kjeld yn de lea fiele.
O God, lit ús net oan har foarbygean,
lit ús as gemeente
libben bringe,
hoeder wêze,
en waarmte jaan.

Wy bidde hjoed yn it bysûnder foar …

Wy bidde no mei elkoar it gebed
fan de Soan oan ús Heit:
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Kollekte

18. Sjonge
Liet 44: 1, 2, 3

19. Seine

Wy geane no nei hûs
mei op ús netflues griene greiden,
mei yn de earen it liet fan de godsstêf
en yn ús hert it fjoer fan de geast,
yn it fertrouwen dat God ús leaf hat,
dat Jezus Kristus ús de wei wiist
en dat de Hillige Geast ús ynspiraasje jout.
Amen (trije kear sjongend troch de gemeente)

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum