Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Wav

Religy
PDF Print E-mail
Image

En is de minske hiel allinne
op ‘e ierde, ek al iensum yn ’t hielal?
En stjerren binne dôve foar de fal
en watfoar minske brânt him oan de sinne?

En doe ’t it wêzen noch begjinne
moast, wie yn it neat allinne, mar wêr, God
dy’t alles skoep wat komme moast oan bod,
de ierde en de himel om te kennen.

En kenne is it stean en rikken,
froumins as ferbining tusken ierdestof
en himelflam, in dûnsjen God ta lof,
har yn de trije hoeken swaaiend skikke.

En hoe’t twa trijehoeken rinne,
is in himelsk skeppen nei de ierde ta,
de frou tsjut oan it hiele wêzen sa,
de Davidstjer blinkt sterker as de sinne.

Image

Sjoch ek: Religy Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee

admin

Hee

Religy
PDF Print E-mail
Image

Hee as finster op it wêzen,
blau fan trochsicht op ‘e ivichheid
dêr’t grien it lân fan hope leit,
fiif wurden om mystyk te lêzen.

Hee as ramt fan griene holle,
tinkend, sprekkend neffens wize rie,
de hân trochtaastend mei de die,
de ienheid om ’t bestean te follen.

Hee, trochskinend as de siele
dêr’t de ienheid blaast it klear kristal,
fiif stjerren swevend yn ’t hielal
fan binnen om mystyk te fielen.

Sjoch ek: Religy Alef, Beet, Gimel, Dalet

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum