Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Chet

Religy
PDF Print E-mail
Image

Chet, de poarte dy’t wiid iepen stiet
foar wat it meast besielet:
leafde dy’t dan fierder giet.

’t Breidspear yn de leafde al ferbûn,
troch ’t sinneljocht bestriele,
ropt it libben út ‘e grûn.

Sa’t Jahweh, de Skepper, út it neat,
it hiele al yndielde,
tagelyk syn geast útgeat.

Trochgong fan wat út ‘e geast opriist
nei hannen dy’t ferdiele,
chet dy’t nei de takomst wiist.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn

admin

Zaijn

Religy
PDF Print E-mail
Image

It is yn goud beskreaun,
in frommes fan formaat,
wa sil har fine?
Sân kralen binne reaun,
folslein is it ferskaat,
sa sil sy him ferskine.

Zaijn stiet rjocht oerein
lykas har krêftich stal
om oan te reitsjen;
de kroan, derboppe lein,
past op har holle wol,
dat twatal sil it meitsje.

In frommes fan formaat
rint yn it read foaroan,
sil hy dy fine?
Hy stiet by har yn ’t skaad,
is fan deselde toan,
de leafde sil har bine.

Image

Sjoch ek: Religy Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum