Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Lamed

Religy
PDF Print E-mail
Image

De learling sit yn ’t ramt fan learen
dat him op ‘e lippen leit de fraach:
‘Hoe hat Israel de Heare eare?
‘k Ha myn earen iepen, ‘k hear it graach.’

De learaar stiet foar ûnderwizen,
sjocht de freugde fan de learling oan.
Hoe sil hy de rjochte wegen wize?
‘Ut ‘e Talmoed riist it Wurd, myn soan.’

De Ivige begûn te sprekken
fan it skepsel troch it learen klear
hoe’t de leafde alles read bedekke
sil… sa eare Israel de Hear.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf

admin

Kaf

Religy
PDF Print E-mail
Image

Berch Sinai,
healwei Egypte en ’t beloofde lân,
gjin palmen yn de stienwoestyn,
mar wol in hân.

Berch Sinai,
de wei fan foet nei top, in ljochte wolk
derboppe mei in hân deryn
foar hiel it folk.

Berch Sinai
dy’t Mozes, lieder fan it folk, beklom,
foar eagen mear as sinneskyn,
gjin sicht rûnom.

Dêr wie Jahweh
en út ‘e hege wolk wei kaam de hân,
syn palm joech inkeld sicht oant yn
’t beloofde lân.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum