Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ajin

Religy
PDF Print E-mail
Image

Ajin, twa eagen om te sjen
de djipte en de hichte,
wat wûn is en ferlern,
de frijheid en de plichten,
wat west hat en wat komt,
de wolken en de weagen,
wat rjocht is en wat krom,
dat alles is foar eagen.

Mar sjoch, de glâns fan twa wurdt sân,
sân dagen yn de wike,
’t ûntstean fan see en lân,
de himel waard ferrike
mei fûgels nei Gods sein,
sân dowen yn de weagen
fan ien, de heilsfontein,
dat alles stiet foar eagen.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech

admin

Samech

Religy
PDF Print E-mail
Image

Samech, sletten letter,
romte inkeld fan Jahweh,
sa ûntagonklik as in stjer,
fier boppe goed en better.

Strieljend wyt dat brekke
kin troch rûnten en rûnom
syn ljocht ferspriedt en lûd: ‘Ik kom
om hannen út te stekken.’

Trijehoek nei boppen
wizend, heinend ’t strieljend wyt
dat sydlings nei de ierde glydt,
syn stipe sil fier roppe.

Under mei it woedzje
as de weagen fan de see,
de beide hannen binne ree:
Jahweh sil dy behoedzje.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum