november 17, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Wize: Psalm 134
Hoefolle famkes boarten net Doe’t sy fan famke waard in faam, Sy wie noch jong en amper frou, It boadskip dat hy foar har brocht, It gie Marije troch de lea, De bergen oer klonk doe de rop,
Doe kaam de nacht dat Jezus’ stim Op ’t feest fan Kana joech de soan It gie op ’t feest fan Pesach ta,
It barde op ‘e tredde dei |
november 16, 2016
fan Gustave Doré*
Dêr hiest de amtners fan de kening
foar ’t heidensk offer ûnder twang,
de measte minsken rûnen oer,
ferlies fan ’t libben makke bang,
Mattatias wie lykwols poer.
De amtners lieten flaaikjend witte,
Mattatias wie fan belang
en stie foar ’t hiele folk model,
hy krige fan de foarst de rang
fan freon, hysels en ’t hiele stel.
Mattatias joech ’t kleare antwurd
dat, mocht sa dwaan it hiele folk,
hysels hold fêst oan Gods ferbûn;
sa wie er fan de trou de tolk
en is oer rjochte wegen rûn.
In man út Juda kaam nei foaren
foar ’t heidensk offer, no of nea,
de spanning ûnder ’t folk rûn op;
doe sloech Mattatias him dea,
de klap klonk as de opstân-rop.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Mattatias deadet de man
fan it heidenske offer’