Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sprekkend gehiel

Keunst

fan Kark Fredrik Nordström*
fan Laurits Bernard Holst**

nordstrom

Is ’t de loft, de berch of see
dy’t ropt de djipte foar it ljocht
om heech op ôf te stimmen…
it is ’t gehiel dat sprekken docht.

Lit Sweden it mar roppe
dat it lânskip leech begjint,
dan stadich rint nei boppen,
dêrmei oan hichte wint,
dat wolken krije faasje,
de fûgels slaan alarm,
mei grutskens sprekt de naasje
dan fan it rizen fan de stoarm.

As Noaren dan ek roppe
dat de see it lân ynkringt
en opsjocht by de toppen,
dêr’t snie de helden winkt,
dan lit de fisker witte:
de see ropt om te gean,
ús grutskens is op mjitte
fan ’t lytse doarp mei ús bestean.

holst

* Karl Fredrik Nordström (1855-1923)
Skilderij ‘Stoarm ûnderweis’

** Laurits Bernard Holst (1848-1934)
Skilderij ‘Noarsk fiskersdoarp’

admin

Liet fan it geduld

Religy
PDF Print E-mail
Jakobus 5, 7-11
Wize: Tuskentiden 5

Lit ús harkje nei Jakobus,
broer fan Jezus wurdt wol sein,
neier as Jehannes, Petrus,
hy hie langstme nei de ein:

Wit dat Jezus libbet fierder
yn de rûnte fan syn Heit,
Hy hat hjir op ierde siedde,
wachtet op it lêste pleit.

Ha geduld, Hy komt net earder
as it is oan rispjen ta,
wachtsje wurkjend troch de jierren,
dan sil elk grif takomst ha.

Nim in foarbyld oan profeten
dy’t fernearden fijâns kwea,
sy ha fan de takomst witten,
dulden lijen oant de dea.

Jim ha Job noch wol foar eagen,
hoe’t er folhold oant de ein,
hy wist fan bedroch noch leagen,
God hat him it lok tasein.

Image

Dêrom ha geduld yn ’t lijen,
want broer Jezus komt hjir wer
om foargoed ús te befrijen,
sjoch dan op nei wolk en stjer.

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan it geduld

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum