november 21, 2016
Genesis 21, 1-7
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken
Gjin twivel mear, hy sil gau komme,
it lange wachtsjen is foarby,
it gnyskjen is de mem ûntnommen,
it folút laitsjen stiet har frij,
it berntsje krijt in skoander plak,
dus laket elk foar Izaäk.
Gjin twivel, fan it boarst ôfkomme,
de tosken dogge no it wurk,
foar ’t jonkje wurdt de wrâld ferromme,
hy libbet ûnder ’t wide swurk,
it gnyskjen makket him net kjel,
hy is te jong foar Ismael.
As memmesoan is hy allinne
en fantasearret him in maat,
hy boartet hoeder yn de sinne
en bringt in lamke yn it skaad,
dus krijt it dier in skoander plak,
sa is de aard fan Izaäk.
As heitesoan moat hy meirinne
de berch op, sa giet it omheech
oant heit en soan der einlings binne,
it offermes slacht net omleech,
in raam komt foar him yn it plak,
dus laitsje heit en Izaäk.
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan twa healbroers
november 21, 2016
By Genesis 3
Wize: Tuskentiden 5
Eva, mem fan alle libben,
frouwebyld de ieuwen troch,
skepen út de manneribbe,
dyn folsleinens strielet noch.
Eva, yn it hôf fan Eden,
byld fan wat wie earst folslein,
libbest mei dyn man yn frede,
’t like dat der wie gjin ein.
Eva, wêrfoar beammen stiene,
hiesto fan de Iene heard,
bylden dy’t dy wol wat diene,
mar do woest fan ’t iene sêd.
Wêrom, Eva, bisto kommen
oan it byld fan goed en kwea?
Neaken binne jim beklomme,
einefel oer hiel de lea.
Eva, koest it sels net drage?
Yn it skuldbyld kaam de slang;
troch de fragen is it dage:
foar it earst wiest stjerrend bang.
Hasto, Eva, wol fernommen
hoe’t de swierte yn dy lei?
Lit it memmebyld mar komme,
want dêr is de ein fan wei.
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan laitsjen