Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Berneboeken

Berneboeken
PDF Print E-mail
Rik as brânwacht (6-7 jier) yn 1992

Rik wol brânwacht wurde.
Mar hoe krijst fjoer?
Dat wit Rik wol.
En hoe makkest de brân wer út?
Dat kin Rik ek wol.
Hy kin bêst by de brânwacht.


Rik as mollefanger (6-7 jier) yn 1994

Der is in berch yn de sânbak.
Dy is fan Rik.
Der is ek in berch op it gers.
Dy is fan de mol.
Rik wol dat de mol út ‘e grûn komt.
Wat docht Rik?
Hoe rint it ôf?

It geheim achter de doar (6-7 jier) yn 1998

Achter de doar fan it hok sit in geheim.
Gjinien doart deryn te gean.
Rik en Joke wol.
Se dogge krekt as sit der in man yn it hok.
En se meitsje elkenien bang.

Image

De wite kastanje (11-15 jier) yn 1986

Teade en Harm komme út ‘e werklikheid
yn in oare wrâld telâne, en oarsom.
Se libje yn ferskillende tiidsperioaden.
Muonts Martinus wiist har de wei.
Hy makket har paadwiis yn it libben.

Image


It fjoer fan de ûnmacht (11-15 jier) yn 1987

Ruerd fielt him opsletten yn it deistich libben,
thús likegoed as op skoalle.
Om’t er net by machte is om der wat oan te dwaan,
naait er út om de echte frijheid te priuwen.
Mar dy frijheid sjocht der al oars út
as er him yntocht hie.
Mei fjoer moat er dy keapje
en letter nochris djoer betelje.

Image 


De Marsbosk (11-15 jier) yn 1990

Aron Glansky, in joadske jonge, wennet yn Gorjol,
in doarp besuden Moskou.
Dêr wurdt er bûten it libben set, omdat er in Joad is
en mei syn âlden nei Israel emigrearje sil.
Nynke Veen en har âlden,
dy’t fiere famylje fan de Glansky’s binne,
wenje op in rekreaasjeterrein yn Terpoel.
Yn ien fan de bungalows krije de Glansky’s ûnderdak.
Aleks Sietsma, in grutte jonge mei ljochte krollen,
wennet yn de stêd.
Hy wol in eigen wrâld meitsje,
dêr’t er Nynke, syn freonen en syn hûn by nedich hat.
Hurde muzyk wurdt ynset om syn doel te berikken.
Yn dy wrâld is gjin plak foar Aron.

Image


De oaljespinnen (10-13jier) yn 1993

Iva is in brún famke út Peru,
dat troch de âlden fan Jelle
yn de hûs nommen is.
Se wenje by it benzinestasjon.
Under it dak, boppe de pompen,
ha de spinnen reagen makke.
Mei dy spinnen belibje Iva en Jelle
frjemde aventoeren.
Net allinnich yn de minskewrâld,
mar ek yn de wrâld fan de spinnen sels.

Image


De rie fan fjirtjin (11-15 jier) yn 199
5

Yn it wetterdoarp Nijwert giet it molkfabryk ticht.
Dat is in grutte slach foar de mienskip.
Mar in Amerikaan fan Fryske ôfkomst
bringt wer libben yn it doarp.
De jeugd krijt de kâns
om it better te dwaan as de grutten.
Peter Hoekema en syn freonen pakke
dy útdaging entûsjast oan.
Se rjochtsje yn it doarp de Frijsteat Nijwert op.
Mar de ienriedigens fan dizze jeugdrepublyk
wurdt al gau op ‘e proef steld.
Dat is it begjin fan in spannende tiid.

Image


It geheim fan de see (10-13 jier) yn 2004

De jonges en famkes fan de heechste groep
meitsje in kampreis nei It Amelân.
Se spylje foar Robinson, piraat of eilanner.
Bas is kaptein fan de Robinsons,
Richard fan de piraten
en Marrit heart by de eilanners.
Bas is yn Turkije as Koerd op ‘e wrâld kommen.
Hy hat gjin ‘echte’ âlders mear.
Hat dat mei de see te krijen?
Op It Amelân is Bas ticht by de see.
Hat de see geheimen?
Bas en Marrit ûntdekke in geheim.
Dat makket Richard, dy’t de tongerdolk hat, jaloersk.
Hoe’t dat ôfrint?
En ûntdekt Bas it geheim fan syn ‘echte’ âlders ek?
Lês it yn ‘It geheim fan de see’.

Image

admin

Wa bin ik

Wa bin ik

Myn namme is Willem Tjerkstra,

soan fan                      Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin (skipperspear)
broer fan                     Anne, Andries en Nieske
pakesizzer fan             Willem Tjerkstra en Hieke Vrieswijk (skipperspear)
Anne Fortuin en Nieske de Jong (skipperspear)
man fan                      Diny de Ruiter
heit fan                       Fedde en Jacoba
skoanheit fan              Henriëtte Valkema en Wiebren Santema
pake fan                     Eva, Jesse, Imre, Willem, Doutsen en Redmer

Myn berte fûn plak
op it skûtsje ‘Twee Gebroeders’ mei It Heidenskip as domisily
op 15 augustus 1943 middenyn de Twadde Wrâldoarloch
op de dei fan Marije Himelfeart

Fan myn berte oant myn seisde ha ik meifearn op it skûtsje
nei de terp om modder
nei de greide om de terpmodder te lossen
nei de boer foar in fracht kowedong
nei de feangebieten yn Drinte foar in fracht turf
nei it eigen doarp om de turf út te suteljen

Doe’t ik learplichtich waard, op 1 april 1950, moast ik nei de legere skoalle.
Ik kaam by pake Willem en beppe Hieke yn de kost.

De jierren fan de legere skoalle
yn It Heidenskip fan 1950 oant 1953
yn Terherne fan1953 oant 1955
yn Deinum fan 1955 oant 1956

De jierren fan de mulo
yn Ljouwert fan 1956 oant 1957
op De Jouwer fan 1957 oant 1960

De jierren fan de kweekskoalle
yn Snits fan1960 oant 1965

De jierren fan de militêre tsjinst
yn Ossendrecht fan 1965 oant 1966
yn Stienwikerwold 1966
yn Assen 1967

De jierren as ûnderwizer
yn Nijemardum 1964
yn Snits (Groen van Prinstererskoalle) fan 1967 oant1972
yn Snits (Johannes Postskoalle) fan 1972 oant 1974

De jierren as direkteur
yn Snits ( de Ark) fan 1975 oant 1989

De jierren as meiwurker fan it MSU/GCOfryslân fan 1989 oant 2003

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum