december 2, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
Se binne skippers op ’e Haachse wâl
en ha noch nea it roer yn hannen hân,
dochs is der mei it skip in hechte bân,
hoewol… it giet har gau te mâl.
De skûtsjes hiene se nea silen sjoen,
mar krigen wol de foarmen foar ’t ferstân,
dy flitsten fan de holle nei de hân,
in wurk oant yn de lette jûn.
Sa ha de Haachse bouwers mei belied
har mei Doarp Grou en ek De Lemmer ret;
al wie ’t programma neffens Fryske wet,
’t regear wie Haachs sa as dat giet.
Se binne skippers mei de automaat,
regeare sûnder hannen oan it roer,
de saaie striid is mar fan koarte doer
en is op ’t lêst mar surrogaat.
december 1, 2016
fan Matthijs Maris*
Sis net dat sy neat hat mei fjoer,
want sûnder wurdt it fleis net gear
en spatte fonken fan mefrou,
it lit har kâld, sy is der wol mei klear,
faak fielt sy har de keukenhoer.
Der waard earst sein, sy wie prinses,
omdat sy tsjinne by mynhear,
noch mear as by syn lilke frou,
sa’n tsjinst wie foar in faam in hiele ear,
foar him it fleis, foar har it mes.
Sis net dat sy neat hat mei fjoer,
fan him hat sy te lang dat daaid,
har eigen lôget op, as frou
fielt sy it langstme nei de dei as breid,
it rauwe libben is har oer.
* Matthijs Maris (1839-1917)
Skilderij ‘Keukenprinses’
Skilderij ‘De breid’