Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yn de smeltkûp

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

God rôp my op as minskesoan,
hoe faak oft ik syn stim al heard
hie, wist ik net, de tel wie ’k kwyt,
in wrede rop kaam op my oan.

Foar God wie Israel it guod
dat oerbleau nei’t in lôgjend fjoer
ferbrând hie izer, brûns en lead,
it folk moast foar syn antlit fuort.

God dreau de minsken byinoar
yn ’t sintrum fan Jeruzalem,
de smeltkûp fan al dat metaal,
Gods grime joech it folk gjin kar.

De oven mei in lôgjend fjoer,
dêr waard it hiele folk yn raand,
lead om âld izer wie it net,
want God wie op de minsken poer.

* Foto ‘Smeltkûp’



admin

De lêste fûgel

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Lang sweefden fûgels boppe Bukit,
wiene hearskers sûnder grins
oer heuvels, strân en oseaan,
sy hiene dêr it ryk allinne,
want op Bukit wie gjin mins.

Miljoenen jierren letter strânen
minsken dêr, de sapiens,
de homo sûnder baan,
de fûgels wiene net allinne
baas mear, dat wie ek de mins.

Hjoed sweeft noch wol in fûgel boppe
Bukit, dy’t de minske sjocht
yn lúkse sûnder acht
te slaan op him dy’t is allinne
oerbleaun, fûgel sûnder rjocht.

* Foto ‘Bukit op Bali’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum