december 24, 2016
fan Gustave Doré*
Nikánor as heechhertich kommendant
fan ’t oaljefanteleger
dreamde oer in segeteken:
Judas mûs en hy de oaljefant,
sels God stie yn syn dream net heger.
Ek Judas dreamde, hy as kommandant
fan ’t joadsk soldateleger
seach de hegepryster bidden,
Jeremia joech as Gods gesant
in swurd as teken fan de sege.
Doe’t Judas al dy oaljefanten seach,
stiek hy de earms de hichte
yn en bidde om in wûnder,
krige sa de sege yn it each,
Nikánor rekke yn de lichte.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Judas foar it leger fan Nikánor’
december 23, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
In nije skipper op It Fean,
dus op it foardek ek in foarpetear
om syn bemanning op te peppen,
boppedat advys foar de taktyk:
‘Fan nûmer fjirtjin moatte wy fier gean
om trettjin yn te heljen foar de ear,
dus wol ús skûtsje net omlyk,
dan moatte wy noch hurder skreppe.’
Wylst trettjin skippers holden heech
(der wie gjin romte foar de konkurrint)
en stjoerden ’t skip sa yn de lijte,
kaam It Hearrenfean mei syn taktyk:
it skûtsje krige wyn, want it foer leech,
en helle oaren yn, dat wie de hint;
de mannen woene wol omlyk,
’t skip skeat fan fjirtjin nei plak trije.
It wie de knypeach fan Langwar
dy’t foar It Hearrenfean fertuten dien
hie: ‘Jonges, gean foarby, ’t giet ús te bar!’