december 30, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
It hie him wurde moatten
mei Wâldsein sa fier op kop,
gjinien wist noch fan letter,
want it skûtsje foer lang top,
dochs rûn in streek troch ’t wetter.
Dy streek kaam fan De Lemmer,
dy’t in streekje langer wie
as earder, soks moat kinne,
dat Wâldsein wist him gjin rie
en seach De Lemmer winnen.
It wiene manljuskoppen,
keal of mei in pet as sier,
wolno, diskriminaasje!
Sjochris oan, it lange hier
joech fjouwer skûtsjes faasje.
december 29, 2016
fan D. Witting*
fan Nicolaes Maes**
It skaad sloech op ’e tafel del
en skampte oer de harsensplasse,
trillings roerden al ien snaar
en weagen fierder mei gefaar
fan ivich doarmjen yn de hel.
It koe noch krekt, mar Beatrix
hie fan de dea neat yn de plasse;
op ’t portret wie foar in frou
it ivich libben sûnder rou
en fan it oare wist men niks.
Swart-wyt wie ’t biedwurd fan ’t bestean,
dus dat kontrast soe aardich passe
yn ’t ovaal, folslein portret;
de dea hat doe syn stimpel set,
sy soe him yn de mjitte gean.
* D. Witting (aktyf om 1630 hinne)
Skilderij ‘Vanitas-stillibben’
* Nicolaes Maes (1634-1693)
Skilderij ‘Portret fan Beatrix Snels’
It portret is skildere yn 1678
Beatrix Snels is ferstoarn yn 1678