Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kroanprins Alexander

Skiednisbylden

fan Jean-Baptiste van der Hulst*
fan ûnbekend**

Sjedêr de heit en omke op ’t portret
as stoere knapen mei ’t gewear,
heit Willem mei in sketten ein,
de hûn stiet rjocht foar omke klear,
mar sa wie Alexander net.

Hy koe net oer it sjitten fan in ein
en wat sei him in jagershûn,
hy hold it leafst in skjinne broek
en fielde him by boeken sûn
en sterk, waard siik fan stoarm en rein.

De dea siet him betiid al achternei:
twa broers ferstoaren, doe waard hy
de kroanprins, healwei ’t spannend boek
rûn nije spanning net foarby
syn binnenlibben, nacht en dei.

Hy klamme him oan mem har kiste fêst,
seach letter hoe’t de dea him wonk,
wylst heit rêst hie yn Switserlân;
gjin trien dy’t yn de eagen blonk,
ferlost wie elk fan leed en lêst.

* Jean-Baptiste van der Hulst (1790-1862)
Skilderij ‘Portret fan erfprins Willem
en prins Alexander, bern fan kening Willem II’

** Foto ‘Kroanprins Alexander’

 

admin

2017

Lyrysk Deiboek

Lit de beammen net mear swart,
mar sier dy mei it wyt fan ryp,
wat sprekt fan fûle kjeld,
sadat gjin skip mear fart
en iis in strange winter meldt.

Lit de kleur fan markols swart,
gjin wjuk wurdt troch de ryp beslein,
ferstive troch de kjeld,
dat elk te fretten hat,
omdat ek dan it libben telt.

Jou it iis in swarte tint
en lit it groeie dei en nacht,
wat sprekt fan fûle kjeld;
dat is al fêst de hint
foar elk dy’t priis op alve stelt.

Lit fan swart it wurde wyt
fan justjes lok yn hiel it jier,
dat him hjoed knallend meldt
en gau al fierder glydt,
lit sjen dat elke oere telt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum