Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ryk symboal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Goud en jade makket ryk,
dêr binne moarden om begien,
in krimineel sjocht op gjin libben,
wol nei eal metaal en hurde stien.

Sjoch de beam oan goud gelyk,
dy’t yn de wetterspegel sjocht,
in spegel mei de kleur fan jade,
fan dy rykdom krijt men nea jins nocht.

Mar lit Ruataniwha,
dat oanlein is troch minskehân,
mar sjen it duo-spul dat bringt de
eleminten yn in grut ferbân.

Litte goud en jade ha
de funksje fan in ryk symboal,
de kleuren yn ’t natuerlik libben,
dat de minske sjocht as syn idoal.

* Foto ‘Ruataniwhamar yn Nij-Seelân’

admin

Spot as spear

Keunst

fan Lovis Corinth*

As ridder fan ’t ferline
hold er ’t kulturele heech,
de wearden fan de foarfaars
glommen op it hurde stiel,
de takomst woe er sa beskine.

De takomst briek syn stielen
idealen mei de kriich
dy’t útbriek yn Europa,
wat him streekrjocht rekke yn
de siel, de wûne is nea hiele.

Dochs hold er fêst oan wearden
fan eartiids, heech de banier
om tsjin de takomst yn te
striden, spot waard as in spear
dy’t wanhoop yn it libben kearde.

* Lovis Corinth (1858-1925)
Skilderij ‘Selsportret yn harnas’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum