Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Rêst fan de Heare

Keunst

fan Anthon van Rappard*
fan Jozef Israëls**

It ljocht kringt amper troch it glês,
se sitte mei har seizen yn de jûn
en ha de put derút,
lykas de manlju foar’t se stoaren
nei in libben, hecht en sûn,
as fisker op ’e wrede see,
dat praat giet stadich út,
noch efkes oer dat oare,
wat sei dûmny yn syn preek…
de Heare jout de goeden rêst,
wolno, se binne ta oan tee.

Se sit yn ’t tsjuster
tichtby ’t fjoer
fanwege rimmetyk,
hat oars gjin praat
as mei de klok
oer ’t libben hat gjin doer,
fan hjoed nei juster
leit net yn har aard
en moarn is sûnder lok,
de dûmny hat gelyk:
se lit it oan de Heare oer.

* Anthon van Rappard (1858-1892)
Skilderij ‘Aldefrouljushûs yn West-Skylge’

** Jozef Israëls (1824-1911)
Skilderij ‘As men âld wurdt’

 

admin

Herodes syn gewisse

Bibelbylden

fan Caravaggio*

It hie net wêze moatten,
mar koe ik der wat oan dwaan,
sy frege om Jehannes’ holle,
wat moast ik oars de dochter jaan?

Sy hat in spultsje spile
nei har dûns doe’t ’k jierdei wie,
Jehannes’ holle liet se rôlje,
it wie Heródias har rie.

Myn frou siet noch fol grime
oer Jehannes, wrachtich wier,
de troubrek hie hy ús ferwiten,
dy útspraak woech by har noch swier.

Ik koe der net omhinne
nei har dûns, ik hie it sward,
de dochter koe fan alles winskje
en sa is doe it bloedspul bard.

Ik krij it noch foar eagen,
bluodrich lei er op in skaal,
de holle eage as in oanklacht:
myn oanspraak yn dyn eigen taal.

It spriek my oan, myn eigen
oarders, kommend op ’e lea
fan wa’t net nei myn wetten dogge…
hoe is it libben nei de dea?

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Salomé mei de holle
fan Jehannes de Doper’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum