juli 10, 2017
It rôlet stadich oer de Grienedyk,
want de rollator wol net hurder
as twa fuotten, oanstjoerd troch de geast
dy’t efkes bûten westen wie,
mar hjoed fielt hy him ryk.
Hy wie it giseljen fan crossen wend,
de motor alle kearen hurder
mei ’t ultime doel fan ‘ik wurd earst’,
omdat er wer twa knibbels hie,
foar him folslein bekend.
Syn motor crosste sa’t er hawwe woe,
mar hurder soe ’t perfoarst net wurde:
crashend kaam er op ’e hurde grûn,
wist efkes net wat hy dêr die
en wat hysels noch koe.
Draaibonken stikken yn de rêchkolom…
wat soe de takomst foar him wurde?
Rôljend hat er dochs syn draai wer fûn,
de geast joech him in goede rie:
de Grienedyk mar om!
juli 9, 2017
fan ûnbekend*
fan Hubert Vos**
In blom, wa woe dêr net op lykje,
al kaam it op ’e fuotten del,
Sineeske froulju moasten skine
as de lotus, glimkjend it gesicht,
de teannen krom fan pine.
In konkubine fan de keizer
hie lytse fuotten, wie yn tel
en waard model foar alle oare
froulju… fuotsje-erotyk as plicht
om manlju te bekoaren.
Tsien sintimeter wie it fuotsje
dat gie foar goud, de earste priis,
dan kaam it sulver, dêrnei izer,
mar it pinelijen wie in griis,
gjin man wie destiids wizer.
Sjedêr… de konkubine Cixi
wie kreazer mei in grutte foet,
koe dêrop folle flugger rinne,
dat it lotusfuotsje soe ’t
bejaan***, gjin goud mear winne.
* Foto ‘Lotusfuotsje’
** Hubert Vos ‘Portret fan keizerinne Cixi’
*** Yn 1902 waard it gebrûk ferbean