juli 14, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Tradysje spilet grif in rol
yn Fryslân op foarâlders’ grûn,
mar wêrom net fernije?
De tiid rint troch en is nea fol,
men is net oan ’t ferline bûn,
feroaring moat ek kânsen krije.
Dus seagje stikken út it board,
it is Rienk Ulbesz oan te sjen:
it izer is ferrotte;
it skûtsje hat al lang net scored,
de motivaasje giet ferlern
en foar de liuw is ’t in bespotting.
Feroaring hâldt noch lang net op,
want Ulbe Rienksz komt wer oan board,
hy koe him ek fernije:
nei’t koalstof koste him de kop,
is hy wer skipper yn de float
en sil elk oer ’t ferline swije.
juli 13, 2017
fan Elihu Vedder*
Hy hat in boadskip foar de ierde
út it fiere himelryk,
mar is nijsgjirrich nei de ringen
fan Saturnus, tagelyk
hat hy ferlet fan rêst…
hoe moat er straks de tijding bringe?
Saturnus, god fan alle lânbou
op ’e ierde, sa’t er wit,
dat binne fan dy frjemde dingen,
minsken witte hoe’t it sit,
mar amper fan de lêst…
hoe moat er straks de tiding bringe?
It is nijsgjirrich hoe’t syn wale
wurdt ta ring om de planeet,
it ierdske libben moat wer swinge,
mooglikheden by de fleet…
foargoed foarby de rêst,
hy sil syn boadskip tidich bringe.
* Elihu Vedder (1836-1923)
Skilderij ‘De troan fan Saturnus’