Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spoarweistaking

Skiednisbylden

fan Albert Hahn*
fan ûnbekend**

Wa’t wurke, moast de hannen brûke,
hold de mûle leaver ticht,
hy hie gjin rjochten, die syn plicht
om ’t libben troch de tiid te lûken.

In inkeling hat him fersetten,
’t waard de oanset fan in tal
dat soarge foar de stakersrol,
sa hat de plicht de rjochten metten.

Wa’t wurk joech, moast de wurkers brûke,
joech oan stakers einlings ta,
se soene trochbetelle ha,
de fakbûn mocht de karre lûke.

De oerheid koe dy winst net sette,
want soks rûn op gaos út,
dat Kuyper*** naam in strak beslút:
hy wurge stakers mei syn wetten.

De akjsje frege om reaksje
fan de stakers op it spoar,
de rjochten spoarden no ris foar
de trein, in kwestje fan de traksje.

De wurkers koene it net winne,
mannich wrotter waard ûntslein,
sa kaam de staking oan de ein
en liet it machtsbestjoer him kenne.

* Albert Hahn (1877-1918)
Spotprint ‘It folk’

** Foto ‘Spoarweistaking 1903’

*** Albert Kuyper, minister-presidint

admin

Skipssjoernaal fan Andréas

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De weagen binne ús bekend
by ’t skynsel fan de moanne,
dy’t de mar opljochtsje lit,
in fisker is net gau benaud,
omdat er fan it tsjuster wit.

Wy binne nachts dus wol wat wend,
fannacht lykwols wie ’t spannend,
sterker noch, der wie panyk,
wy sieten mei ússels oanklaud
en wiene witer as in lyk.

Hysels hie ús de mar opstjoerd
nei ’t fisk- en bôlewûnder,
hie ferlet fan in gebed;
wy foeren yn de twirren op,
wat noaske stjoerman Petrus net.

Ynienen wie der grutte noed:
in skynsel, hiel bysûnder,
sweefde midden oer de mar
op ús oan, sûnder tuskenstop,
dat elkenien wie yn de war.

Gjinien hie dat ferskysel troch,
net earder as doe’t Jezus
stapte by ús yn it skip
en ha woe dat it wie fertroud,
doe kaam by ’t roer wei: ‘Wol ferhip!’

* Skilderij ‘Jezus rint oer de weagen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum