juli 20, 2017
fan William Turner*
Kreakje tsjillen oer de stiennen,
skrilje hynders troch in klap
en skodzje reizgers’ lea en geast,
dan skowe wolken foar de sinne.
Reizgers sykje nei de fierte,
’t eigen gea is har te krap,
mar op ’e hichte krije lea
en geast al klap op klap.. de swierte.
Kreakje tsjillen troch de jierren
hinne, dan wurdt dreech de stap
troch it bestean… oant lea en geast
beslute: ho, wy bliuwe hjirre.
William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Tocht oer de Mont Cenis’
juli 19, 2017
fan ûnbekend*
Folslein bin ik no yn betizing
om wa’t ik einliks bin,
in Kristus-sizzer of de satan?
De iene goed, de oare min…
is dat syn ûnderwizing?
De fraach fan Jezus fûn ’k al nuver:
‘Wat seit it folk oer my?’
Ik koe der earst gjin fet op krije,
soks giet folslein oan my foarby…
is sa’n petear wol suver?
Doe kaam de fraach: ‘Wat sizze jimme?’
Dêr wie ik gau mei klear:
‘Ik sis dat jo de Kristus binne!’
Fan my kriich Jezus alle ear,
mar klonken der mear stimmen?
De stim fan Jezus klonk allinnich,
dat hy slim lije moast,
úteinlik soe hy dêroan stjerre,
mar dêrfan leaude ik gjin barst
en sei, it wie ûnsinnich.
Ik moast myn sizzen slim belije,
waard mei syn wurden slein:
‘Gean daliks foar my wei, do satan!’
Dat waard my as dissipel sein…
moat ik no Jezus mije?
Ofbylding ‘Petrus’