juli 24, 2017
De iene wente seit de oare net,
de boeren hechtsje oan tradysje,
bliuwe op it âlde plak;
wa’t heger fljocht, klimt nei in flat
en komt dêr feilich ûnderdak,
’t ferskil is mear as mar in bytsje.
De boer syn wente sjocht der net nei út
dat dêr de bern de kost wol krije,
’t hûs is ta oan ûnderhâld,
it siicht al lang troch ’t bopperút,
de spikers meitsje ’t libben kâld…
tradysje rint dus út op lijen.
Projektûntwikkeling fertsjinnet mear
as kritysk it moderne hifkje,
sjoch de flat as topmodel,
dus oan de arsjitekt de ear,
hy lei him net by ’t âlde del,
hat oer ’t ûntwerp net stind of wifke.
juli 23, 2017
fan ûnbekend*
Mear- of minderheid,
dêr gie it doe** yn Londen om,
it is mar wêr’t de klam op leit,
de revolúsje of wat stadich komt.
Lenin, bolsjewiek,
kaam foar de earme wurkers op,
de riken hiene net gelyk,
dus moast de maatskippij rap op ’e kop.
Plecharoff syn sicht
as mensjewiek gie fierderop,
gjin fjurrich read, mar earder licht,
gjinien berikt wat mei in gekke kop.
Mear- of minderheid?
De bolsjewiek hat it doe wûn,
wat oan it oantal stimmen lei,
de mensjewiek wie út ’e seal weirûn.
* Foto ‘Lenin’
** Twadde Kongres (1903) fan de Russyske
Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij