juli 30, 2017
fan ûnbekend*
De muorren holden froulju tsjin,
har stim bleau binnendoar,
wat yn it ramt fan manlju siet,
it joech hâldfêst, ’t gesin syn sin,
dêr wiene memmen foar.
Mem Pankhurst joech in sterker lûd
dat troch de muorren krong
en op ’e wei te hearren wie:
‘Yn aksje, froulju, ha de moed
en jou ús rjochten gong!’
Mei keattings klikten se har fêst
as teken fan har plak
oant doe ta yn de maatskippij,
de manlju seagen dat as lêst,
wat útkaam yn de bak.
Gjinien bleau yn de finzenis,
de frou kriich ’t rjocht fan stim,
de dochter sels in holledak;
de frou wie fan har plak wol wis:
gelyk oan dat fan him.
* Foto ‘Dochter Christabel Pankhurst’
juli 29, 2017
fan ûnbekend*
Nee, ik bin Simon Petrus net,
de fisker, ’t wurd foaryn de mûle,
mar ik bin wol ien fan de tolve,
ha my ta in opdracht set,
it libben, dat wie myn bedoeling.
It libben kriich dy jonge wer
doe’t Jezus satan út him jage,
wy hiene dat net rêde kinnen,
dat wy skammen ús, ’t is earlik, hear,
it libben hat foar ús mear fragen.
Gjin fragen, harkje moasten wy:
hy soe yn minskehannen falle,
it wie as rekke it doe tsjuster,
de bedoeling gie oan ús foarby,
my draait it no noch yn de holle.
Mar Simon Petrus hat dat net,
hy lei de hân skean by de mûle
en sei sêft dat syn hannen jûken,
want hy hie gau mei dy oare ret,
jawis, dy Simon is in fûle.
* Yllustraasje ‘Jezus yn minskehannen’