Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Loftbisten

Lyrysk Deiboek

De hiele dei troch swalken bisten
by de suver blauwe himel lâns,
de kop omheech om ta te happen;
fantasearjend griep it bern syn kâns:
‘De wolf jou ik de klappen!’

De bisten draafden driigjend fierder,
frieten ûnderwilens harren dik
en ferven tagelyk it wetter;
wylst er gûlde, kriich de wolf de hik,
de hynst sloech op ’e kletter.

De fonken spatten fan de hoeven,
dat it wie gefaarlik om te sjen,
gjin minske wie mear op ’e lappen;
mei de eagen ticht, sa hearde ’t bern
dochs noch de fûle klappen.

admin

Ut it ferline wei

Keunst

fan Marc Chagall*



As ynspiraasje mar net komme wol,
dan bliuwt it doek sniewyt
en binne alle fingers kâld,
der komt net iens in sket s yn kryt,
de tubes bliuwe fol.

Mar as sy boppe ’t wite doarp útriist,
dy’t hy al jierren mist,
dan sweeft syn moed de hichte yn,
hy sjocht har oan, seit sêft: ‘Dêr bist,
ik wist net wêr’tsto wiest.

De moanne, yn it lêst, komt earst foar ’t ljocht,
dan sweeft sy op him ta
en achter har ferriist de stien,
sy sjocht him oan, seit sêft: ‘No sa,
hjir hasto dochs om socht.’

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Hommaazje oan it ferline’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum