augustus 6, 2017
Wyn en wolken nûgje skippers út
om mei fol túch de Ie te brekken,
want de earste slach is wer foar Grou;
de spanning sjit fan kiel nei kút,
de Tynje is foar skûtsjegekken.
Foar de fok fan Grou stiet ien al klear
om oan te jaan wat op te stekken,
want by it starten stekt it gau te nau;
mei ’t skot sjit elk skip as in spear
de striid yn… mei de skûtsjegekken.
Wyn en wolken trune skûtsjes oan
om ’t skom te spielen oer de dekken,
want sa rekket elkenien yn tou;
sjedêr ‘Doarp Grou’, no al foaroan…
de ear is foar de skûtsjegekken.
augustus 5, 2017
fan ûnbekend*
As wetlearaars ha wy it rjocht
om krekt de regels oan te learen,
sa hat Mozes ús dy brocht:
mei ’t hanwaskjen foar iten
reitsje minsken foar Jahweh wer skjin,
dus dy tradysje moat net slite.
Mar wat wy seagen op in dei…
’k jou ta, it gie om eigen eare,
boppedat kaam it sa út…
dy Jezus joech út hannen
wat foar ús as wetlearaars sin hie:
foar iten skjin, dus ek syn mannen.
Jawis, syn mannen, want hy wie
de master om oan har te learen
hoe’t it troch de tiden gie,
dus hanwaskje foar iten,
want Jahweh joech oan dy regel sin,
wat folle mear is as in rite.
As iennige bin ik noch bleaun,
ha nei syn lêste wurden harke
oer fan bûten smoarch en skjin
yn ’t hert, oars as de mage,
wat net mear oer smoarge hannen gie,
mar dochs hie ik noch wol wat fragen.
* Ofbylding ‘Wetlearaars’