augustus 10, 2017
fan Richard Mauch*
De jonkfrou yn har moaiste toai
liet de eagen oer it striidfjild gean,
dêr’t hynders mei it skom dik op ’e bek
al trappelen foar it toernoai.
De ridders strieden foar de ear
mei in eachopslach as fan in earn,
de jonkfrou seach de winner by it stek,
de ridder wie foar har in hear.
Mar yn de dream rint it wol oars:
stap foar stap giet it op froulju ta,
dy’t yn it neaken dûnsje op it grien,
it kleed is read lykas in roas.
De ridder hat in romme kar,
wol fansels de alderkreaste ha,
hy sjocht har op ’en paad, mar dan is ’t dien,
want nei de dream is ’t yn de war.
* Richard Mauch (1874-1921)
Skilderij ‘De dream fan de ridder’
augustus 9, 2017
Gjinien hie dit ferwachte:
om trije oere al in lege mar
en dat op hurdsyldei!
Twa aken lizze noch foar anker
en prate oer de wedstriid nei…
de silers sitte oan de bar.
Fan ’t frachtskip wurdt ferwachte
it anker út ’e smiten foar de mar
fanwege skûtsjedei;
twa dagen op itselde wetter
op ien dei, dat kin en mei…
gjin siler rekket yn de war.
Twa oeren ha se wachte,
de trettjin skippers fan de skûtsjefloat,
ien* is yn ’t neat ferdwûn;
se stride op it brede wetter
oant de dei rint nei de jûn…
by Douwe** klinkt jûchhei oan board.
* Dirk Jan Reijenga fan De Jouwer
** Douwe Visser fan Snits