augustus 26, 2017
fan Rembrandt*
Jimme wolle it net leauwe
om’t jim wisten, hy is stom,
mar no kin elk my hearre,
dêrom gean ’k net langer troch foar dom,
myn blidens kin gjinien bedjerre.
Maten ha fan him wol witten,
nee, ’t idee kaam ik net op,
dus ha se my meinommen…
sels koe ik net hearre fan de rop
dy’t útgie om nei him te kommen.
Master naam my doe fansiden,
nee, ik wist syn namme net,
kriich fingers yn de earen,
hearde neat, hy hie it dus net ret,
mar ’k seach de maten wol drok bearen.
Jimme wolle it net leauwe,
master spuide dêrop ta
en hat myn tonge rekke,
suchtsjend hearde ik doe: ‘Effata**’
en ik… ik koe mei ’t wurd losbrekke.
* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Genêzing fan in doofstomme’
** Gean iepen
augustus 25, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Hy koe der wier net sûnder,
want it mûtske wie syn amulet
en paste by de reade noas,
fan mear hie Eldert* gjin ferlet,
hy fielde him der feestlik ûnder.
In ramp, want ûnder wetter
wie it mûtske fan de galgeman,
syn talisman fertsjinne oars,
want oars gie Eldert yn de ban
en waard er ûnder skippers ketter.
Hy woe it libben fiere,
dûnse mei de fammen yn it skom
mei blauwe teannen, read de noas,
it mûtske siet him wat te rom
en koe him langer net fersiere.
It gie net mear foar wûnder
yn de earste dagen fan de striid;
it mûtske wie der wer, mar oars,
te krap, de holle fierste wiid,
de noas bleau like read derûnder.
* Eldert Meeter