augustus 28, 2017
De moarntiid hâldt de siken yn
en leit de mar foar blak
as ôfspraak mei de nije dei:
gjin sprake fan in silerswyn,
gjin nocht mear oan al wer in rak.
De mar jout him wol efkes del,
mar ûnder stil protest:
hjir is de ein alhiel fan wei,
is ’t silersfolk net mear yn tel,
dan wurdt it stil, dat is de pest.
De pest is lûd, wit de natoer,
it libben hâldt fan rêst,
dêr snakt de hiele skepping nei,
it startsein sjit it wetter oer,
ek nei de finish is der lêst.
Hear hoe’t natoerbehear fersteurt
de stilte fan de moarn
mei boat en auto, beide mei
in motor, mar wa’t dêroer seurt,
slacht troch en oan in falske toan.
augustus 27, 2017
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It foarste fytstsjil yn de rûnte
fan it Frânske ryk hat rêst noch doer,
fertrout him blyn ta oan it stjoer,
hat oan Parys ta alles jûn.
De rûnte, âlder al as hûndert
jier, begûn wat frjemd: in krantestriid
rûn foar de sport út op in tiid
fan fytse oant let yn de jûn.
De earste rûnte, seis etappes,
like op in bist mei kop en sturt;
de sechtich rieden net sa hurd,
goed tweintich ha Parys wer fûn.
Maurice Garin waard fierwei earste:
trije oeren foarsprong op Pothier;
de rûnte waard tenei in pree
foar rappe riders, sterk en sûn.
* Foto ‘Start earste Tour de France’ (1903)
** Foto ‘Maurice Garin mei masseur en soantsje’