Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Lûkende wâl

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

De romte is by Grou mar smel,
dus sjocht men oeral wol in wâl,
de iene reagearret kjel,
de oare brûst der fluch bylâns.

Nim Jitzes* skip, it is mar smel,
de smelste fan de hiele float,
hy reagearre yn in tel
en pakte by de wâl syn kâns.

De wâl loek Jitzes skip derlâns,
sadat de Heale Moanne fleach
en hichte hold, yn dy balâns
besylde hy de earste priis.

Oars wie de tút fan Meinderts** skip,
’t hie fan gjin kant fan lûken wei,
de gong wie der al út, ferhip,
’t wie net syn skuld, mar wol in griis.

* Jitze Grondsma
** Meindert de Groot

admin

Ferguld tsjin swart

Keunst

fan Frantz Charlet*



Se klommen by de stoepe op,
bewekke troch de liuwen,
dy’t fan grime skodden mei de kop,
dus koene sy net bliuwe.

Mar klom de hear, nei him mefrou,
dan giselen de sturten,
want sy wiene oan har opdracht trou
en bûgden foar de grutten.

De grutten seagen hegerop,
dêr’t goud pilaren sierde,
want sy wiene klommen, op ’e top
beskôgen sy har dieden.

Mar sy rint troch mei trije bern,
de earm stiif om de poppe,
swarte earmoed is har oan te sjen…
sy soene har ferskoppe.

* Frantz Charlet (1862-1928)
Skilderij ‘Fergulde huzen te Brugge’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum