Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Jûntiidsskilderij

Lyrysk Deiboek

De wjukken ha har plicht wer dien
en binne yn de rêst,
de snaffels litte har net hearre,
want ferfage is de grins
fan elk syn territoarium,
de jongen ha folwoeksen fearren.

De sinne is krekt ûndergien,
hie fan gjin wolkje lêst
en hat in oere lang noch streke
oan it jûntiidsskilderij,
dat al ferfaget tel nei tel,
wat foar it minskdom jildt as teken.

Sjedêr, nei boppen is er gien,
it swarte docht it bêst
op ’t reade fan wat liet de sinne
achter, ’t is yn harmony,
dit is syn territoarium
foar inkeld jûn, dat moat noch kinne.

admin

Willem Einthoven

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



Hy wie in man mei hert foar ’t hert,
it sike likegoed as ’t sûne,
want dêrfoar wie hy medikus,
dy’t yngie op in grut ferlet:
in apparaat mei min en plus.

De heit, ek dokter, stoar al ier,
syn byld hold Willem skerp foar eagen,
dus waard er letter medikus,
dy’t fierder seach as ier en spier:
hy sette troch foar fysikus.

Dy kombinaasje wie foar ’t hert
wol sûn: de snaargalvanometer
hat hertslach mei papier ferbûn…
it ECG fersint him net,
al mannich hertkwaal is sa fûn.

De dokterswrâld wie tige wiis
mei ’t apparaat dat mjit de hertslach,
dus joech Nobel syn eigen priis.

* Foto ‘Willem Einthoven en de snaargalvanometer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum