september 8, 2017
Fjouwer út ’e striid
Foar fjouwer skippers gie de hoop ferlern,
De Feanhoop waard har ûndergong,
’t wie oan de averij te sjen
dat elk in kleiliet song.
’t Wie Gerhard* dy’t folslein de noas ferlear,
De Lemmer sloech him der foarwei,
en Loadewyk** die him ek sear,
it barde yn de draai.
De noas fan Allard*** gie der ek foarwei
troch Eldert****, wifkjend, gjin ûntwyk,
it barde breedút mei in swaai,
trochmidden gie de gyk.
Tsien skûtsjes brûsden op De Feanhoop troch
en holden oant de finish gong,
it lûd klinkt yn de earen noch
fan striid, de skipperssong.
* Gerhard Pietersma
** Loadewyk Meeter
*** Allard Syperda
**** Eldert Meeter
september 7, 2017
fan Giuseppe Maria Crespi*
fan Jean-Louis Théodore Géricault**
Har romte liket net sa rom
mei oanrjocht, kast en planken,
se is mar lyts, de rêch wat krom,
har rjocht op heger is te tankjen
oan de opstap en har eigen wil.
De keuken leit har nei oan ’t hert,
dat kloppet foar it bêste,
wat sy foar ’t folk op tafel set,
sy komt it earst en stapt as lêste
op, dan wurdt it yn har romte stil.
De hannen binne út it sicht,
it oanrjocht lang ferlitten,
de rêch is krom, de holle licht,
mar dêrom sil sy it net litte…
troch de delstap slyt de eigen wil.
Foar ’t samar kiezen slacht it hert
wat fûler, mar it bêste
komt har nea ta, sy treft it net
en giet faak fuort as alderlêste…
’t is sa dat sy moarn wer komme sil.
* Giuseppe Maria Crespi (1665-1747)
Skilderij ‘De kokkin’
** Jean-Louis Théodore Géricault (1791-1824)
Skilderij ‘De gokferslaafde’