september 10, 2017
fan ûnbekend*
Panama, in stripe tusken oseanen,
lân fan in kanaal-konflikt,
dyn rom ûntstie troch it ferbinen,
do hast it flikt.
Spanje woe dy ivich oan Europa bine,
naam dyn ear en skatten wei,
mar rekke slim fertiisd yn wanen,
in ommeswaai…
… nei it machtsfertoan fan de Colombianen,
baas oer ’t strypke oerwâld-grûn,
dêr’t sy gjin trochbraak hawwe woene,
oan ’t âlde bûn.
Panama, do koest dy dêr net mei fersoene,
woest perfoarst in breed kanaal,
sochtst stipe by Amerikanen,
in nij ferhaal.
Do ferbûnst dyn takomst net mei it ferline,
bleaust net sitten achter gaas,
do lietst dy net troch frjemden poene,
waardst eigen baas.
* Reliëf ‘Panama’
september 9, 2017
fan Johannes Vermeer*
Wy kinne goed tegearre,
wenje hjir ek nei it sin,
twa susters ûnder ’t selde dak,
by Marta ha ’k it net sa min,
krij troch har soargjen myn gerak.
It barde juster, Jezus
kaam yn ’t doarp en waard ús gast,
dat Marta soarge foar it miel
en helle alles út ’e kast,
ik bleau by Jezus, kriich myn diel.
It hie miskien oars moatten,
want gjin minske is gelyk,
’t wie Marta dy’t der wat fan sei:
sy yn de skrep en ik hie ’t ryk
by him allinnich, dus myn draai.
Ik hie wat oars ferwachte
as wat Jezus’ antwurd wie,
mei Marta hie ’k te dwaan, dy siel
die wêr’t sy altyd al foar stie,
mar dochs, ik keas it bêste diel.
* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘Kristus yn it hûs fan Marta en Marije’