Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

It lot fan de mûs

Keunst

fan Willem van Mieris*


Stiet dêr Marije net
stil op ’e achtergrûn
de aksje oan te sjen?
Se hat gjin teken jûn
om net deryn te gean,
it mûske hat de slach ferlern.

Is dat Marije net
en hat se noch gjin bern
dy’t foar it libben gean?
It is har oan te sjen
dat sy der nocht oan hat
om libben mei de dea te stean.

Leit soks net yn it aard
fan mûs en frou en kat
fanwege it bestean?
It is de mûs syn lot
troch wat de frou sa fielt,
de kat hat by dy beide baat.

* Willem van Mieris (1662-1747)
Skilderij ‘De deade mûs’

admin

As learling gehoar krije

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Altyd ree om wat te learen,
want dêr bin ik learling foar
en doe’t wy Jezus bidden hearden,
wist ik, hy jout oan myn fraach gehoar.

Harkje moasten wy mei earen
om te folgjen yn it spoar
fan ’t keninkryk, sadat men rêde
koe de wrâld, dêr wiest no learling foar.

Bidde om earst God te earjen:
Heit, lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme.
Jou ús alle dagen ús deistich brea.
En ferjou ús ús sûnden,
want wy ferjouwe ek
in elk dy’t by ús yn de skuld stiet.
En lit ús net yn fersiking komme.

Freegje, jimme sille krije
breaën middenyn de nacht,
in freon sil nei jim freegjen hearre,
jout God sels dan net op ’t bidden acht?

Sa woe Jezus ús fernije
om te bidden nei en foar,
want God soe elk gebed ferhearre…
ik as learling krige dus gehoar.

Yllustraasje ‘Jezus leart bidden’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum