oktober 8, 2017
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoefolle minsken binne wol net boeid
de tiden troch, meastal ûnskuldich,
troch de keattings fan de macht,
se droegen harren lot geduldich.
Sa net de man dy’t him stiif boeie liet,
Houdini, wa koe net syn namme,
boeiekening sûnder macht,
mar nea hat er it folk beskamme.
Frijwillich boeid de sel yn, wie syn stunt,
dêrnei de frijheid, nea ferwachte
dat it folk, ek sûnder macht,
in neaken kening sa heech achte.
Sa wie Houdini boeiend foar ’t publyk,
dat boeid wie troch noch stiver bannen,
oanbrocht troch de sterke macht,
ferbline troch syn stielen plannen.
* Foto ‘Houdini boeid it wetter yn’
** Foto ‘Houdini mei ferbrutsen boeien’
oktober 7, 2017
fan Jan Luyken*
Al achttjin jier rûn ik rûngear,
omdat in stim it sa ha woe,
sadat ik alle krêft ferlear
en noch mar amper rinne koe.
De synagoge wie it plak
dêr’t klonk in stim dy’t yngie tsjin
it lûd dat hold myn lichem swak…
ik waard mysels sa’t ik eins bin.
Nei achttjin jier koe ik wer sjen
wa’t foar my stie: man fan de stim;
ik waard sa bliid as wie ’k in bern,
it libben kriich wer sin troch him.
In lilke stim ferwiet de Hear
– se seine dat it Jezus wie
dy’t minsken ôfholp fan it sear –
dat hy it op ’e sabbat die.
Hy weefde mei dy wurden ôf:
op sabbat makkest dieren los,
wêrom dan net in bûne frou?
Ik rûn rjochtop wer yn de pas.
* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Jezus genêst
in rûngeare frou yn de synagoge’