Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Net folle sizze

Keunst

fan Konstantin Makovsky*
fan Nicolay Kasatkin**



De ierde hat syn fruchten jûn,
dy’t al yn skeaven lizze,
warber hat sy oeren bûn,
se koe net folle sizze
tsjin de lytse bern yn ’t skaad;
it brânen fan de sinne
brocht harsels net fan de kaart,
se sloech har der trochhinne
oant se krigen har gerak
oan ’t boarst, it gie om folop drinke,
mei har trijen it gemak
fan efkes yn de dreamwrâld sinke.

De ierde leit der boppe-op,
hoe soe sy dêr no lizze,
gjin reaksje op ’e rop,
wat moatte sy noch sizze…
mem leit altyd yn it skaad,
noch slimmer, yn it tsjuster;
hie sy net in sinnich aard,
mar hjoed net… wie it juster
of al folle langer lyn?
Se wolle dêr net mear oan tinke,
want thús wachtet harren knyn
op knineblêden en wat drinken.

* Konstantin Makovsky (1846-1920)
Skilderij ‘Meanster’

** Nikolay Kasatkin (1859-1930)
Skilderij ‘Wees wurden’

admin

Ealahuster skûtsjesilen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2007

De Grêft, sa neamden se de feart
by ’t Nijegeaster tsiisfabryk
dat hjoed de gasten wolkom hjit;
mei ‘Nostalgie’ in omropwyk,
in eigen skûtsjesilerssteat.

Image

De Grêft, dêr’t pakes skûtsje lei,
syn eigen tarde turfhok stie,
in hoekje waarme nostalgy,
dêr’t beppe nei de line gie,
har warde mei de wask dy dei.

De Grêft, dêr’t pake Anne stie
as dêr it skûtsjesilen wie,
syn groet en praat mei dy en dy,
hoe’t alles yn ’t ferline gie,
syn eigen wize nostalgy.

De Grêft, de skûtsjes sile fier
foarby, de striid fan hjoed de dei
mei pake Annes namgenoat,
gjin groet en praat, mar klear en draai,
de nostalgy wurdt letter wier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum