januari 19, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2011
It wie ien grize widens,
boppe loft, dêrûnder mar,
in blakte sûnder ein
mei út en troch in spatsje rein,
gjinien wist wat is wiis,
it wie in griis, goed yn de war.
Der hong in wite flagge
op ‘e boat fan no de start,
it wie it útstelsein
fan nimmen wit no noch de ein,
elk rekke yn de tiis,
in perspektyf djip yn it swart.
In skot en ’t soe dan heve,
alle seinen wiene grien,
gjin skipper seach de ein,
mar dêrmei wie net alles sein:
grien skode oer it griis,
dochs glied it brún* nei nûmer ien.
Ien waard it grien foar eagen,
wist net mear fan no en niis
en dreamde djip fan wyn en weagen.
* Drachten
januari 18, 2018
fan Ildephonse Stocquart*
fan Hermanus Koekkoek**
Men kin nea witte, mar wol fiele
mei wat help fan each en ear
hoe oft it waar him oanjaan sil,
’t gefoel jout oan: rap yn de wear,
der is stoarmwaar op til.
It fee op ’t lân is ek besiele
mei wat jeiend komme sil
en stiet balstjurrich foar it stek,
’t gefoel jout oan de eigen wil
dy’t lûd komt út ’e bek.
Sa kinne fee en minsken diele
soargen oer it rûge waar,
dat har nei de beskutting driuwt,
dochs driget it gefaar
dat ien bist achterbliuwt.
Nei ’t westen ta, in oere rinnen,
swypket wyn it wetter op
ta meunsters, bearend om de bút,
op elk bist sit in wite kop,
wat slút it flechtsjen út.
* Ildephonse Stocquart (1819-1889)
Skilderij ‘Op ’e flecht foar de stoarm’
** Hermanus Koekkoek (1815-1882)
Skilderij ‘Stoarm op ’e Easterschelde’