Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Klappend kampioen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

It soe wer wêze of dochs net,
nei dagen fan in heale stoarm
gie ’t rap de lege midden yn,
mar foar it waar klonk wer alarm:
in loft fol wolken, mar gjin wyn.

Image

De wolkeloft dreau oer de mar
yn banen heech en leech mei wyn
dy’t striek de fjirtjin yn it seil,
in rige mei de gong deryn,
it waaralarm wie ûnder peil.

Image

De rige sylde nei in kloft,
elk woe wol earst it krúsrek yn,
mar ien foer nei it bêste plak
en kniep it skûtsje oan de wyn,
de oaren leine lilk foar blak.

Image

Wol blaksum, wa kaam om de boei
as earste fan de lêste seis,
’t wie Huzum, sprinter oan de ein
fan fjirtjin dagen ûnderweis,
mar dêrmei wie net alles sein.

Image

Want sprintsje koe ek ’t Hearrenfean,
dat kniep en skraal de boei oanrûn
en sa de lêste wedstriid wûn;
it giel-swart hat de trochslach jûn:
de Pan waard klappend kampioen.

Image

admin

Fiere skotten

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

De twirren wiskje oer it wetter
dat yn weagen rôlet nei de wâl,
dêr’t folk ferwachtet, it giet mâl,
wat mear Beaufort, wat better.

Image

It wâldpublyk wurdt dôf troch ’t klappen
fan de seilen, leger oan de mêst
as oars, it is it folk wol bêst,
’t ferwachtet wrede grappen.

Image

Noch ien minút, dan sil it heve,
mar it Drachtster skip wol net omlyk,
de weagen batse tsjin de gyk…
te let foar noch mear reven.

It wyt fan flaggen is it teken
dat de striid is iepen, elk syn kâns,
de fjirtjin manlju binne mâns
genôch, by stoarm gjin leken.

Image

Dêr is de boei om rap te gypjen,
wa’t it gykje heine wol, is dea,
De Jouwer rûkt al bloed mei ’t rea,
syn grime moat noch rypje.

Image

’t Publyk skuort healwei grutte eagen,
want de finishskotten klinke ier,
foar dôve earen fierste fier,
it folk sjocht inkeld weagen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum