februari 3, 2024
De greide bloeit al lang net mear,
it hurde gers bûcht net de kop
en jaget skriezen op ’e flecht,
de wjirmen krûpe nei de sleat,
it komt sa op ’e kop ferkeard.
De helte fan Europa’s foer
sit yn de amer fan de boer,
dat alle bisten wurde sêd,
it hurde gers bliuwt lykwols stean,
de bloei is sa noch lang ferbean.
De boer rydt mei syn swiere tank
Europa yn en sjit syn fjoer
ôf op ’e regels fan de stêd,
syn tank stjit stikstof ôf op grûn…
dat syn bedriuw bliuwt jierren sûn.
De trije skiep, byld fan de boer,
ferlieze ’t libben likegoed
as de natoer net langer bloeit,
dus flecht fan skriezen, skriem dit út,
dan wurdt de wjirm jim wer ta bút.
februari 2, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Lit ús dangelje troch Llanes,
fiskersdoarpke oan de griene kust,
om te genietsjen fan gebouwen
dy’t strielje iuwen skiednis út,
lykas de muorre dêr omhinne,
foar histoarisy in lust.
Lûk dêrnei in reinjas oan om
nei de lege grotten ta te gean
dêr’t weagen tsjin de rotsen batse;
dy slite iuwenlang al út
en sille ’t fan de see nea winne,
al hoe rotsfêst sy ek stean.
Lit ús kuierskuon oanlûke
om te klimmen boppe doarp en grot
heech út, want útsicht hat de takomst,
giet boppe it ferline út
en mei it sicht op see en sinne
fielst dy as Poseidon god.
* Foto ‘Llanes’
** Foto ‘Bufones de Pria, Spanje’