Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De bear wurde

Lyrysk Deiboek

In hechter bân is net te krijen,
beide mei de eagen ticht,
de poaten om de halzen hinne,
dreame oer in rommer sicht
as twa, dus trije.

Want trije is om út te kiezen
nei de moade hjoed de dei,
sa litte wy de hazzen rinne,
rap dy iene achternei,
gjin stap ferlieze.

Dy iene hat it meast te bieden,
is fan alle merken thús,
gjinien kin om har oandiel hinne,
mar wat oerbliuwt, is it plús
fan slim mislieden.

It kin foar elk dan sa beteare
dan men krijt en wurdt de bear,
gjin poat slacht om de nekke hinne,
dreame docht men ek net mear,
it kin ferkeare.

admin

Lytse koppen grutte lapen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2012

Se hiene ’t moarns al yn de kop,
hoewol’t de buien oer de weagen jagen:
it giet derûnder of derop,
de petten op, omheech de kragen.

Image

’t Is foar de start al brún of wyt,
gjin peil om folle tugen op te lûken,
in loft dy’t as in brijwein stiet,
de swan kin wol in reefke brûke.

Image

De koppen krije har gelyk:
se jeie as de buien oer de weagen,
’t publyk stiet op ‘e polderdyk
te sjen mei lapen doek foar eagen.

Image

It giet derûnder of derop:
de heale moanne skynt as wie ’t de folle,
mar ’t poartsje krijt it yn de kop
en stampt foarby as wie ’t in bolle.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum