februari 18, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
Wa koe net de Roekoepôle,
dat pôltsje yn de Snitser mar
lei ticht by ’t drokke grutskipsfar,
mar is troch weagen ûnderrôle.
Hjerstmis komt de pôle boppe
by skippers fan de skûtsjefloat,
dan stappe hûnderten oan board
en stekke hegerop de koppen.
Elk is grutsk op ’t eigen teken
fan wetterpoarte oant Sn,
’t komôf is har wol oan te sjen,
it binne skippers en gjin leken.
Sil it goed, dan earst yn ’t mâle:
de startboat draait op elke wyn,
gjin skûtsje krijt de gong deryn,
de boei ferfangt de Roekoepôle.
Einlings, achtentweintich sile,
in teken fan it giet mar bêst,
al is it djip ek yn de hjerst,
op nei de pôle yn in file!
februari 17, 2018
fan ûnbekend*
It gie my net om eigen eare,
út respekt ha ik it dien,
men kin ’t ek leafde neame;
spontaan bin ik derhinne gien
en liet de nardusoalje streame.
Gjinien koe my op dat stuit keare,
’k hie der alles wol foar oer,
myn leafde ha ’k útgetten;
ien sei, it wie him fierste djoer,
de earmen waarden sa útsletten.
Mar Jezus sei, ik hie yn eare
holden syn begraffenis;
ik koe dat doe net witte,
mar nei de tiid is it wol wis:
foar altyd sil de leafde jitte.
* Alter mei opsetstik ‘Frou salvet Jezus ’ fuotten’