maart 8, 2018
fan August Strindberg*
Fol driging komt de himel oer,
wylst wolken skilderje de see
mei streken oan harsels gelyk;
fan Stockholm sjocht men sels gjin toer
dy’t winkt, foar ’t feilich fielen ree,
de stêd as wis ûntwyk.
Wat boppe is, komt ûnder del,
mei fûle twirren slacht de stoarm
it wetter, rizend ta in floed;
it folk fan Stockholm stoarret kjel
nei ’t needwaar, lûd klinkt it alarm,
de stêd is sels yn noed.
De skilder fielt de driging ek,
krekt nei syn himelheech jûchhei
slaan hege weagen op him del;
hy streket troch as wie er gek,
mar Stockholm komt net tichterby,
de himel wurdt ta hel.
* August Strindberg (1849-1912)
Skilderij ‘De stêd’
maart 7, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2013
Gjin better teken as it reid:
de plom omheech is fierste min,
mar as de stâle bûcht en swaait,
dan hat de skipper in goed sin.
Wannear’t de tugen klappe, dan
rint op de spanning nei de top,
it each sjit nei de Snitser Pan,
de griene leit al wer op kop.
Ynienen lûke eagen nei
it drama dat in wûnder wurdt:
it Fean skuort Drachten yn de swaai,
sawat leit plat it bakboardsswurd.
Mar ’t Fean lûkt Drachten wer oerein,
it skûtsje fart, mar sûnder seil,
it lêste wurd wurdt no al sein:
wa’t skuort en rêdt, byt op ‘e neil.
Wannear’t de Pan giet troch de wyn,
dan klappe seil en fok omraak,
de flagge kin hjoed wer deryn:
in kampioenskip yn de maak.