maart 12, 2018
It is sawat safier:
derboppe hy en sy derûnder,
foar it neiteam docht men soks,
de wrâld kin dêr net sûnder.
’t Kin ek net sûnder sier,
dus earst de snaffel yn de fearren
om te striken kleare gel,
it wurdt perfoarst wurdearre.
Sy fynt gjinien in klier,
lit wyt by alle tinten passe,
jout har ûnder fjouwer del
om letter ’t aai te lossen.
Hjoed falt it har net swier,
hat sin om op ’e wâl te iten
yn it selskip fan it stel
dat slij is nei dat wite.
maart 11, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2013
Wêrfoar soe de liuw him skamje:
dat er faak allinnich wie
of ûnderoan de ranglist stie?
Syn doel wie heger, by de skoarstien op
om lûd te bearen op ‘e top…
de fraach is hoest dêr komst, ferjamme.
Lytse broer koe dat wol rêde,
want hy lei al gau foaroan,
it like foar de liuw bedoarn:
fan hiel de lange rige alderlêst,
hy hold noch oan de skoarstien fêst…
de fraach is: springst of setsto trêden.
Om de tonne wie ’t in gribus,
dat de liuw naam syn beslút,
hy sprong allinnich der rap út
en liet de skoarstien los, in eigen koers
joech foar him romte by de rûs…
de liuw as eigenwize kwibus.