maart 18, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
It waard hjoed read foar eagen
fan it striden op Langwar
foar skippers dy’t it al of krekt net seagen,
farrend op ûndjiptes fan de mar.
Der waard fan alles weage,
streekrjocht nei de ‘Wettertút’;
sa’t mei de sterke wyn de skûtsjes fleagen,
like it as klapten twa derút.
De keunst lei yn it draaien,
krekt op tiid foar ’t driigjend read,
want soene boatsjefarders oars net baaie
tusken skûtsjes, op ‘e kop ferkeard?
Gjin noed, de ‘Dikkop’ wachte
oan de râne skûtsjes op,
de skipper dy’t it reade djip ferachte,
lei derút en krige op ‘e kop.
maart 17, 2018
fan Rembrandt
Wy moasten trochgean foar spion,
sa woene de gelearden ha,
om ynformaasje op te dwaan
oer Jezus, wy der dus op ta,
dan soene sy har slach wol slaan.
Sa sloegen wy in oare toan
oan as gelearden yn petear,
earst stieken wy him himelheech;
úteinlik gie it om de ear
fan God of keizer, dat lei dreech.
Belesting wie it seare plak:
betelje of troch Joaden net,
gelearden makken dêr in punt
fan, want it stie net yn de wet…
doe frege Jezus om in munt.
Wy waarden wiisd op keizers byld
en moasten jaan wat sines wie,
’t gie bûten joadske wetten om,
en God kriich wêr’t Hy rjocht op hie…
wy giene troch foar swak en stom.
* Rembrandt (1606-1669)
Yllustraasje ‘De belestingpinning’