Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Judas’ fisy op jild

Bibelbylden

fan Louis Emile Manche*

Jezus moat fan jild net folle ha,
want hy wit amper fan de wearde
fan in sint, lit stean fan in kaptaal;
’k sjoch noch hoe’t hy de tafels kearde,
nee, hy gie mei ’t jild net oan de haal,
mar woe ’t perfoarst net yn de timpel ha, no sa…

Hjoed belibben wy wer wat mei jild,
it wie flakby de offerkiste,
dêr’t it folk it offerjild yn die;
dêr siet er sûnder dat wy wisten
oft er wer wat mei it jild foar hie,
mar nee, hy hat him oan de kiste net fertild.

Efkes letter die er syn ferhaal:
it koperjild wie net bysûnder,
’t goudstik fan de riken likemin,
mar fan de widdo wie ’t in wûnder,
want har sint joech oan it offer sin…
mar ja, hy sprekt mei inkeld sinten net myn taal.

* Louis Emile Manche (1908-1982)
Glês-yn-lead ‘It pinninkje fan de widdo’

admin

Huzum nei de flits

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2014

Lit ús ’t net ha oer Snits,
de Pan dy’t hjoed de wedstriid wûn,
of oer Doarp Grou, te ier fan start,
en op ‘e finish nei al kampioen,
mar oer wat elk betize hat,
dat wie de flits…

Image

De flits heech yn de loft,
de pylk dy’t wiisde nei de kop:
de stjoerboardslach, dy’t geunstich wie,
dus Huzum, knyp sa nei de tonne op,
oars as de konkurrinsje die,
gean út ‘e kloft…

Image

Wer flitste wat foarby
mei ljochte wjukken op en del,
in wizer fan de krekte slach,
dy’t oersloech nei de fleugel, yn in tel
gie ’t skûtsje slingerjend oerstaach
mei read yn lij…

De flits wie oer, de rest
stie op ‘e gaffel, teken fan
it fjoer dat net mear rikje woe,
it wie as rekke Huzum yn de ban,
earst koarjend fan in goarre, doe
fan in protest.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum