Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skûtsjegardes op Grou

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2015

Image

Dêr leit de âlde garde,
bak- oan stjoerboard, nêstinoar,
de mêsten keal, it giet om sjen
hoe’t soannen sile oer de mar
fan pik de winst, dat fiert de fan.

Image

It leit him oan de twirren,
bakboard heech en stjoerboard leech,
de pompeblêden fiere feest,
gjin weach op mar en ie te dreech,
wa’t pûsters knipend heint, dy racet.

Sy wolle lekker lizze
mei it sicht op float en bier,
want fiere dogge se op Grou
en fierder skeelt it har gjin sier,
de jonge garde nimt it gau.

Image

admin

Petit Louis

Keunst

fan Pablo Picasso*



Sjedêr, Petit Louis,
de jonge mei de pipe,
no noch in mystearje,
net ien fan dy en dy…
in type.

In gast yn ’t atelier,
besite fan acht oeren
ûnder myn hypnoaze,
ek foar ’t posearjen ree…
in stoere.

Sjedêr, myn grutte maat,
bekroane mei de blommen
om ’t geduld te earjen,
ik mei wol oer syn aard…
ferromme.

* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Jonge mei pipe’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum