april 1, 2018
Sy is faak yn de wolken,
om’t se op ’e hichte is
fan wat him op ’e grûn ôfspilet:
giet it goed of giet it mis,
sy hâldt it oersicht op ’e balke.
Sy hâldt harsels yn lykwicht,
ek al stiet sy op ien foet;
as ûnder har in wolfshûn bilet,
bringt sy fleurich him in groet,
want mist er net har skoander útsicht?
Mar komt úteinlik ’t ynsicht
dat sy op dy hichte bliuwt,
is ’t útsicht fuort sa’t sy it spilet.
Dan hy dy’t wit fan hichten
heger as de Pan syn mêst,
de top om him djip te besinnen
op wat goed is of ta lêst…
der is dan noch in wrâld te winnen.
maart 31, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2015
It hie wat fan de see
de moarns by ’t rizen fan de sinne,
in trijemêster op ‘e ree,
it soe hjoed samar kinne.
It wie de Snitser mar
dy’t moarns al blonk fan kleare wille,
de trijemêster nêst it far
wie op dit plak fersille.
In teken yn it ljocht
fan op ‘e romte skûtsjesile?
’t Mystearje hat de wierheid brocht,
dêr’t frjemden ek yn spilen.
Want sjoch, dêr hast Yang Ming,
dy’t oer de see foer út in naasje
dêr’t lang al spile yang en yin,
hjoed goed foar ynspiraasje.
Wa’t earst noch fjirtjin wie,
liet konkurrinten sjen de spegel,
hy folge Sina’s wize rie,
ferfrjemde fan de regel.