Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Tank foar twa hjerrings

Keunst

fan Philip Sadée*
fan Vincent van Gogh**



Wylst miuwen fjochtsje om de bút,
de fiskers rap de karre lade,
stiet de widdo mei de holle bûgd
út skamte oer har dryst beslút.

It famke, dat de skelk besûcht,
hapt twa kear triljend nei de siken,
priuwt de smaak al fan de bakte fisk…
mem mei net hearre dat sy smûcht.

Sy heart it sêfte tankewol,
twa kear foar likefolle hjerrings,
fielt de waarme gloede op har hûd…
mem fynt de fiskersfrou grif gol.

Wylst noch in miuw kriest boppe ’t rút,
bûcht sy opnij de folle holle,
foeget dan it deistich barren gear
en sprekt har tank foar ’t iten út.

* Philip Sadée (1837-1904)
Skilderij ‘It part fan de earmen’

** Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Biddende frou’

admin

Flaggen sûnder striid

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2015

Image

It binne mêsten dy’t ûnthjitte
moarns by iere sinneskyn
dat hjoed it heve sil;
de mar is no noch stil,
mar sjoch, der komt wat wyn…
soe dy it sitte litte?

Image

It binne wolken dy’t net driuwe
middeis op it himelsk blau,
dus is ’t noch altyd stil,
wat yngiet tsjin de wil
fan skippers al yn tou,
dy’t hjoed ek striidber bliuwe.

It binne flaggen dy’t fertelle
dat de earste trije wûn
ha sûnder start en striid,
mar elkenien is bliid
mei ’t slepen yn it rûn…
De Jouwer hat it helle.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum