april 7, 2018
fan ûnbekend*
Ik bin gjin man fan ’t hege wurd
of moat ik sizze fan it lege?
‘Dy Taddéus makket him nea grut,’
wurdt sein, ‘hy hat it bern foar eagen.’
Ik waard benaud doe’t Jezus sei:
‘Jeruzalem sjocht slimme pleagen,
’t wurdt foar froulju mei har bern ek faai,
troch ’t swurd sil mannich minske stjerre.’
Mar ’t waard noch slimmer mei’t er sei
dat sinne, moanne en ek stjerren
yn betizing rekken op in dei,
gjin folk soe oan de need ûntkomme.
Doe hearden wy it hege wurd:
‘Dan sil de Minskesoan wer komme,
diskear op in wolk, syn macht is grut…
kom dan oerein, de holle heger.’
Yllustraasje ‘It kommen fan Jezus op in wolk’
april 6, 2018
fan ûnbekend*
Achilles, tusken god en minske yn,
de sterke, tagelyk de swakke,
libbe tusken werklikheid en skyn,
wie kwetsber troch syn hakke.
Achilles, kenings- en goadinnesoan,
troch mem stiif by de hakke holden
yn de Styx, ’t kaam op dat wetter oan,
ûnkwetsber as de goaden.
Mei fyftich skippen foer er nei de striid
om ’t sterke Troje yn te nimmen,
mar syn aventoeren frieten tiid,
hy koe him net bedimme.
Apollo brocht yn ’t Grykske kamp de pest
fanwege striid om kreaze fammen,
wat Achilles skiede fan de rest,
hy fielde him beskamme.
It slachfjild brocht Achilles gjin sukses:
Trojanen krigen him te pakken,
foar de takomst wie ’t in goadeles…
in pylk kaam yn syn hakke.
* Stânbyld fan Achilles op Korfu