april 16, 2018
Wurdt de grins op ’t wiet ferlein,
dan brekt de striid fûleindich út
en fleane spatten yn it rûn,
it wurdt de fjochters swart foar eagen,
mar gjin poep dy’t frede slút.
Wurdt de iene rûch ferslein,
dan leit de grins foarearst wer fêst,
de oare hat in kraachje wûn
en hearsket op syn eigen weagen,
rêstich roeikjend nei it nêst.
Nei de oarloch wurdt wer lein,
opdat it poepfolk bliuwt op peil:
in generaasje sterk en sûn
mei as it moat de striid foar eagen…
poepen sjogge dêryn heil.
april 15, 2018
fan Ernst Ludwig Kirchner*
fan Emil Nolde**
’t Wie Nietzsche dy’t de brêge
boude nei de takomst ta,
dus bliuw net stûkjen yn ’t ferline,
sjoch nei sterken dy’t it yn har ha
om troch te gean mei rjochte rêgen.
Dêr steane dan de fjouwer
sterken fan de skilderswrâld,
sy litte harren tinten skine;
ek al fielt it blau-grien justjes kâld,
elk is in waarme brêgebouwer.
It gie om de essinsje
fan it kreative byld,
jin net oan it ferline bine;
ek al eagen harren streken wyld,
de brêge oer wie har yntinsje.
It hat gjin tsien jier duorre
doe’t de brêge it bejoech,
de takomst skode nei ’t ferline,
om’t de spanning folle swierder woech
as ’t byldferhaal fan fjouwer tuorren.
* Ernst Ludwig Kirchner (1880-1938)
Skilderij ‘Groepsportret fan ‘Die Brücke’’
* Emil Nolde (1867-1956)
Skilderij ‘Maskers’